Doelpuntenmakkers 2003/2004
27 maart 2004SDS 2 wint yn Zwartsluis
28 maart 20042 minder?
SDS F2 moast oantrede tsjin Skearnegoutum F2. By SDS wiene der 9 spilers en by de gasten 7. Dat betsjutte dat 2 spilers fan SDS F2 efkes bûten it fjild bliuwe moasten.
SDS F2 wie te sterk foar Skearnegoutum en stie op in bepaald momint mei 6-0 foar. Sizze 2 SDS-ers tsjin elkoar: wy binne better en dan dogge der ek noch twa net mei.
Itens en Easterein
It praat om it fjild sneon yn Easterein wie fansels de ôfskieding fan Itens fan Easterein. Gelokkich koe it berjocht ta reedlike ferhâldings werombrocht wurde. De ôfsplitsing jildt allinne foar de tsjerke en net foar it fuotbal. Gelokkich mar.
Ferslach B1
In ferslachje fan dy wedstriid kinne jim snein lêze op dizze side. Neidat de skriuwer (de bliere jonge op de foto)) oant goed healwei ienen útslept hat en foardat hy mei syn húswurk begjint sil hy ús it berjocht maile.
Kwisapparatuur.
Theo de Jong hie foar de kwisjûn in prachtich apparaat makke om in kwis iets ekstra te jaan. Mei knoppen en wiere ljochten koe de spanning ta grutte hichte opfierd wurde.
In hiele put wurk wat Theo spesjaal foar dizze jûn makke hie. It apparaat bliuwt beskiber foar SDS en dat is fansels prachtich.
Hiel teloarstellend wie it dan ek dat Theo op in gearkomst net aardich oansprutsen wurdt troch immen dat hy “syn rommel” oprêde moat. Sa geane je net mei minsken om dy’t belangeleas wat meitsje en it ek noch beskikber stelle wolle oan de klup. Boppedat wie der al in ôfspraak makke dat de kwiskommisje dit yn behear hâlde soe. Dy mei dêr op oan sprutsen wurde.