Wepperkes -sneon-

Wepperkes-freed-
22 december 2006
Dielnimmers lifters2007
23 december 2006

C1 en B2 futsalle yn de seal.
Op dizze “dei foar de dagen” wiene de spilers fan SDS C1 en B2 aktyf yn de seal. Under lieding fan Syb Overal, Pieter Veenje en Jan Stapersma waard in kompetysje ôfwurke. Der diene 5 teams mei.
Om goed 12 oere koene de prizen útrikt wurde. (foto’s letter hjoed)

1ste priis: Team 5.
Klik op de foto om originele grootte te bekijken
Eddy Visser, Tjeerd de Vries, Harm Jan Kamstra, Arjen Los, Sicco Scheltema

2de priis: team 4
Klik op de foto om originele grootte te bekijken
Wytse van der Schaar, Broer J. Greidanus, Chistian Gaastra en Jan de Boer krije de medaljes fan Syb Overal

Sjonge
Jan Simon Jelsma stiet boppe-oan yn de SDS League mei de Jelsmanian Devils. Swager Sjoerd van Beem stiet krekt efter him op it 2e plak. Der is Jan-Simon alles oan lein om 1e te wurden. Om ’t Sjoerd mei de kenniskwis it kluplied fan SC Heerenveen net út de holle koe sil Jan-Simon as hy 1e wurdt yn de SDS League op de nijjiersresepsje it kluplied fan PSV sjonge. Der sille net folle minsken wêze dy ’t dit ferske kinne.

Krysttoernooi Frjentsjer 2007

Lykas ôfrûne jieren sille de futsallers fan SDS wer dielnimme oan it jierlikse kryst-sealfuotbaltoernooi yn sporthal de Trije yn Frjentsjer.

De seleksje fan SDS bestiet ut ’e folgende spilers:

·         Marten

·         Erik

·         Jacob-Klaas

·         Tsjeard

·         Tjeerd

·         Tsjipke-Klaas

·         Skelte

·         Dirk-Yde

·         Willem

Programma sneon 23 desimber

18.45           SDS – Anytyme ‘t Park

19.24           Big Ben – SDS

19.50           SDS – V.V.O.E.

20.16           SDS – Ganzinga

20.55           SDS – Lageweg


Nijs
Wij hoopje al dat jim ús fan it nijs fersjogge de kommende dagen,  Sa binne wij wol benijd wannear en wêr de SDS futsal jeugdteams meidogge oan it KNVB sealtoernooi.
Hawwe jim nijs, leuke tips en oars wat mail it nei
ús adres.

 

Letter hjoed mear!