Dielnimmers lifters2007

Wepperkes -sneon-
23 december 2006
Wepperkes -snein-
24 december 2006

Op 1 jannewaris 2007 geane de folgende 9 koppels ûnderweis nei Belle-Ile-en-Mer nei in jeugdherberch wêr’t 16 bêden beskikber binne. Saak dus om net lêst te wurden, want dan bbinne der gjin bêden.

Wij stelle se koart foar,  mar hawwe jim wichtige oanfullende ynformaasje, dy’t in better en in earliker byld jout fan de kandidaten, dan kinne jim maile nei dit adres.

Sjoerd van Beem (Wommels) en Jan Stenekes (Easterein)


Jan en Sjoerd foarstelle op dizze side is hast net mear nedich. Sij fertsjintwurdigje SDS en dogge dat al hiel faak. Sij gean der wer foar, sij litte harren net ferkatse, sij sille der stean. (hoewol wij hoopje dat se harren net stean litte) .Wij ferwachtsje in protte fan de kombinaasje Wommels / Easterein. En mei de gjalp fan SDS 3 “Join the winning team” kin it hast net mis gean dit jier.

Jaring Rispens en Sjoerd Rispens (beide Wommels)


Sjoerd Rispens ( SDS 2) giet mei syn broer Jaring (ús fotograaf) op paad.  Dat is al earder sa west ( nei Gotenborg) en dat wie in toeristysk tempo. Dat sil no oars moatte. Harren Frânsk skynt hiel goed te wêzen, mooglik dat dit fan trochslachjouwende betsjutting wêze kin. Foto’s fan Sjoerd binne seldsum.

Wybren Jorritsma (Wommels) en Namkje Koudenburg (Goiingea)
  

It hiele jier is der besocht om dit suksesfolle duo útelkoar te keapjen mar beide wiene net transferfrij. It frânsk fan Namkje is sa goed dat it foar Ingelsk troch gean kin. Hoopje gjin lift te krijen yn in âld Volvo, want hawwe gjin sin oan triuwen. Meie graach sels in keamer útsykje en dat ynspirearret harren tige.

Niels Postma (Snits) en Susanne Drop (Grins)


Niels (23) út Snits is ferline jier besmet mei it liftfirus. Mei Tsjeard gong hij (troch in) Hel. Niels studearret al hiel lang en socht foar Tsjeard in taktyske ferfangster: Susanne, syn eigen freondinne, dy’t absolút net woe dat Niels sûnder har op paad gie. Susanne studearret SPH yn Grins is 20 jier en komt ek út Fryslân. Beide wurkje se soms yn de Laitsjende Ko yn Snits en wij binne benijd at it laitsjen harren fergiet…..

Gert Jan Hulzinga (Wommels) en Beitske Kooistra (Gau)

It “lastminute”stel wat wolris hiel ferrassend einigje kin. Gert Jan is altiten tige aktyf op de tranfermerke en tinkt dat hij no de ideale liftpartner fûn hat. Beitske hat ferline jier leuk liften mei CDA-er Bram mar wol no foar de priis gean. Mei de twa Koudenburgjes lit se sjen dat de froulju út de Lege Geaen fan avontoer hâlde.

Tjitte Jelle Verbeek (Easterein en Wytske Vermeulen (Kûbaard)

Fansels docht Tjitte Jelle wer mei. Altyd aktyf op de transfermerk is hij dochs wer útkommen bij Wytske Vermeulen út Kûbaard. Wij hoopje dat Wytske him wat wekker hâlde kin want oars einigt de reis miskien wol yn Spanje. Fan Wytske kin wij noch wol wat foto’s brûke. Tjitte Jelle hopet al dat der in piano op it eilân is.

Klaas Malda  (Wommels) en Teade de Boer (Nijlân)
 
De favoryt fan tredde klasser Nijlân mei in âld SDS-er. In moaie kombinaasje dy’t foar goud giet. Meitsje altyd wol wat mei ûnderweis en witte dat altyd op tiid te melden. Teade is al Frânske lieten oan it oefenjen op in trombone of trompet.

Eelke Veenstra  (Easterein) en Gert Jan Brandsma (Hearrenfean)


Eelke Veenstra út Easterein makket syn debút. Dat docht hij mei GertJan Brandsma.  Dat is in betûfte lifter. Lifte dizze simmer mei Tsjeard nei Kroatie en Italie. Siket it leafst moaie en snelle auto’s út.

Tsjeard Hofstra (Wommels) en Sjoukje Koudenburg (Goiingea)

Tsjeard giet wer mei syn Sjoukje op paad nei syn frjemdgean mei Niels ferline jier. Lifte is syn lust mar Frânsk is net syn libben.
Sjoukje skriuwt ús “dat se geweldige antireisdepressiva bemachtige hat. Dy wurket prestaasjeferhegend sizze se.. duszzz meitsje jimme boarst mar goed wiet!”
Wolle no eindelik Wybren en Namkje wol  ris ferslaan.