Wepperkes-freed-

Spanning en fermaak
22 december 2006
Wepperkes -sneon-
23 december 2006

Kees Jansen
Wij bliuwe him efterfolgen en de dames Okkema en Hofstra, studentes oan de Friese Poort, wisten der tongersdei foar te soargjen dat Kees Jansen ús (hast) de primeur gunde fan syn nije klup. Kees giet takem jier nei sneinstredde klasser Wergea.

Tafelfuotbaltafel
Sa’t jim yn it ferslach fan tongersdeitejûn al lêze koene, hat Wichard Deinum, út namme fan syn bedriuw WDSat in krease tafelfuotbaltafel oanbean oan SDS. Dy kin folgende simmer in moai plakje krije yn de nije fuotbalkantine fan SDS. Wichard nochris tige tank dêrfoar.

Fuortkocht
Freedtemiddei stie Sjouke Louwsma fan Omrop Fryslân op de brêge bij Spyk te praten mei in Winsumer.
Healwei it petear ropt de man: “dag Bootsma”,
“Ja”, seit er tsjin Sjouke,” dat is de keeper fan Easterlittens en dy komt bij SDS wei, hwwe se dêrwei kocht, ha ha, ha “

SDS futsal 3 wint
Harm Auke is ús razende reporter fan Futsal 3. Hij jout ús it folgende troch:

Maar  SDS 3 heeft ook thuis gewonnen tegen WZS 5, het werd in de laatste seconden van de wedstrijd door een sterk leidende scheidrechter “Dhr Brouwer” 4-3!! Doelpuntenmakers waren Jacob,Klaas,Jacob en Harm Auke.

Lifters
Kommend wykein sill wij in begjin meitsje om de lifters oan jim foar te stellen . Der binne no 9 koppels dy’t meidogge. It liket wer in bysûnder barren te wurden.

Toernooi C en B2
Sneon is der in sealtoernooi foar C1 en B2 fan SDS. It toernooi is yn de Geridhoeke en it begjint om 9.00 oere. It duorret oant 13.00 ta.

Derby
Ek bij kuorkebalje kinne se streekderbys. Kommende sneon om 19.30 oere yn de Greidhoeke spilet Spannum tsjin Wiuwert. Dat wolle je dochs net misse.

 

Letter mear