Wepperkes -sneon-

Programma -sneon-
26 januari 2007
Wepperkes -snein-
28 januari 2007

A1 ferliest

Marco Hoekstra wie sneontemiddei net echt bliid. Syn ploech ferlear mei grutte sifers fan Makkum. Der wie gjin skerpte en Makkum strafte alle flaters gelyk ôf.
Op de eftergrûn de nije berchromte yn oanbou.

Wit net
Yn de twadde helte moast Douwe de Boer it fjild ferlitte troch in blessure. “De hamstring” frege Marco oan Douwe.
“Ik wit net wat dêr sit,”sei Douwe

Wit wol
It wie net echt waarm oan de kant sneontemiddei. Yn de kantine komme dan ek de sterke ferhalen. Sa wist Geert Hiemstra him noch te herinnerjen dat twa jier lyn yn maart de temperatuur in kear sakke wie nei 20.8 graden. Omstanders (mei minne geheugens) seagen him oan of seagen se iis brânen. Wij sille yn it waararchyf sjen at dit kloppet

Snoeihout

At it fuotbal net al te geweldich is, dan sjogge je faker om je hinne.  It foel op dat it echt sa’n snoeihoutdei wie. Yn Easterein hawwe se wol wat in frjemde omskriuwing fan snoeihout. Wij sille snoeihoutspesjalist Jacob P. ris freegje at hij  de Eastereinders noch ris útlizze wol wat snoeihout no krekt is.

Stoffel
Ek Stoffel fûn it kâld. Opmerklik want dizze natoerman hie fannemoarn it lân noch yn west en doe hearde nimmen him oer de kjeld. Mei Geert hie hij in praatsje oer hazzen. “Do itst dan wol efter hazzen oan,”seit Geert op in bepaald momint, “mar do moast net miene datst dan ek sa hurd drave kinst”.

Grutte berchromte
hspace=0
“Wat in grut ding” dat wie oer it algemien de reaksje op de nije berchromte op it sportpark. De kontouren binne no dúdlik te sjen. Mei sa’n winter kin it wurk ek allegear trochgean.

Letter mooglik mear