Wepperkes -sneon-

Wepperkes -freed-
18 januari 2007
Wepperkes -snein-
21 januari 2007

Kantine iepen
De kantine is fanmiddei iepen fanôf 16.30 krije wy troch fan Hans Kooistra.

Gie it troch?
SDS 1 is fanmiddei al ôfsetten om 13.00, dus wy geane der fanút dat sy fuotballe hawwe yn Harns tsjin Zeerobben.

Net troch!
Yn Easterein giet it allegear net troch fanne middei, sa krije wij krekt troch fan Douwe Reitsma.
It kin al wêze dat der traint wurd. Hjir hawwe wy gjin fierder berjocht oer krigen.

Kantine?
SDS mei dan in bouwval fan in kantine hawwe, alles stiet noch nei de stoarm fan tongersdei. By Zeerobben hawwe se al skea oan de kantine(klik hjir). In geruststelling foar SDS’ers is dat dizze kantine fanmiddei al gewoan iepenis as it fuotbaljen trochgiet.

14.30 of 15.00?
Wy melden hjir dat de oefenwedstryd tusken Zeerobben 1 en SDS 1 om 14.30 begjint. As wy de webside fan Zeerobben sjogge dan sil it wol 15.00 wêze(klik hjir). De seleksje fan SDS 1 sil yn elts gefal om 13.00 fertrekke út Easterein.

Klaverjasse en pylkjegoaie
16 kaarters en  sa’n 10 pylkjesmiters wiene ôfkommen op de aktiviteit fan SDS, om te bewizen dat it gjin deade klup is. It wie wer goed foarelkoar en it waard  in sfearfolle jûn: in yndruk

Gertjan, Erwin, Harm en Durk smite oer it tasjend each fan dartgoeroe Klaas Okkema


Kaarte is foar konsintreare, dat strale dizze strakke gesichten út…


De winners fan it pylkjegoaien: Gert Jan (1), Harm (3) en René (2)


De winners fan it kaarten: Annie, Sipke, Aant en Stoffel yn de goeie folchoarder.

Mear foto’s fan dit barren kinne jim hjir sjen.

Pikefel(2)
Yn Turkije witte se ek wol hoe ’t se de tsjinstanner skrik oanjaaie kinne en it pikefel op de earms besoargje kinne. Hjir it fanatyke publyk fan Besiktas(klik
hjir en hjir)

Letter mear!