Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
18 januari 2007
Wepperkes -sneon-
20 januari 2007

SDS 1 oefent
SDS1 hat sneon in oefenwedstryd. Sy spylje om 14.30 út tsjin Zeerobben. Sy fertrekke om 13.00.
Dit is de seleksje:
Jaap, Skelte, Henk, Jacob Klaas, Tsjipke, Tsjeard, Dirk Yde, Mark, Johannes, Tjalling, Geert, Kees, Harm en
Erik.
Mocht de oefenwedstryd fan SDS 2 net trochgean dan komme Marten en Anne hjir noch by.

SDS 2 oefent
SDS 2 hat sneon in oefenwedstryd. Sy spylje om 14.30 thús tsjin Balk 2. De spilers moatte om 13.30 yn de boks wêze.
Dit is de seleksje:
Marten, Gerrit T., Bote, Dennis, Arjan, Sybren, Anne, Sjoerd R., Stefan, Pieter, Syb, Dirk en Wesley.

SDS 3 oefent
SDS 3 hat sneon ek in oefenwedstryd. Sy spylje om 14.30 thús tsjin Foarút 2.
Dit is de seleksje foar moarn:
 
Jappie, Remco, Wouter, Jentje, Auke, Lieuwe, Jeroen, Jelte, Wichard, Anco, Ruurd, Jan, Gerlof O, Albert-Jan en Gerrit.

Pylkje smite

Feike Jorritsma, in erfaren pylkje smiter, jout oan dat it jûn net samar wat is: hij hat krekt op tiid noch in moai affysje fûn.  Wij binne benijd hoe faak de kaarters one hundred and eighty hearre jûn.
En hoe faak sille de pylkesmiters “ïn pit” heare.

Futsal 2 skoorde al 80 kear
Fan Dirk Yde krigen wij wer in kreas oersicht mei doelpuntenmakkers fan futsal 2.

Dirk-Yde 33
Skelte 27
Tseard H. 6
Pieter 3
Sjoerd R. 5
Tjeerd B. 2
Harm-Auke 1
Eigen goal 1
Sjoerd van B. 0
Floris 0
Marten 1
Feite 1
Erik 0
  80

In gouden plaat
Tongersdeitejûn krigen twa populaire Volendamse Jonges
in gouden plaat: Nick & Simon. Leuk, mar wat soe dat?
Tafal is dat sneontejûn dizze twa jonges optrede yn kafé Bergsma yn Easterein. Dat wurdt dus in folle bak.

Pikefel(1)
Dit is ús earste diel fan ús nije rubryk “pikefel”. Wy hawwe it dan net oer it hier op de earms wat je rjocht oerrein stean giet by it hearen fan
krytsjesit boren fan de toskedokter of toskeknarse, mar oer it pikefel wat je krije by prachtige fuotbalstadionfragmenten. Fan ‘e wike seagen jim hjir al it prachtige filmke oer The Spion Kop fan Liverpool en de kommende tiid kinne jim noch folle mear fan dizze filmkes fine.
Hjir it prachtige ” I’m Forever blowing Bubbles” wat faaks songen wurd by West Ham United(klik
hjir).  

Wintersport
In soad SDS’ers(Robert, Feite en Bas û.o.) binne op dit momint op wintersport. Wy krigen fannemoarn it berjocht dat se de snie wol efkes sjoen hienen en dat se hjoed de “warmte” opsykje fan de sauna………(klik
hjir).

Letter mear!