Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
20 januari 2007
Wepperkes -moandei-
22 januari 2007

Oefene
SDS 1 hat juster syn oefenwedstryd tsjin Zeerobben 1 mei 1-0 ferlern. Dit hawwe wy krekt lêzen op de webside fan Zeerobben(klik
hjir). Op dy side fine jim ek allegear foto’s fan de wedstryd.

Wêr is de bal????

Sealtrainen jeugd
Dizze wike wurdt der wer folop troch de jeugd yn de seal traind:

DAG TEAM DATUM TIJD TRAINERS
MAANDAG F1 22-jan 16,00UUR BAUKE DIJKSTRA
MAANDAG F2 22-jan 17,00UUR DURK YDE
DONDERDAG E3 25-jan 17,00UUR JAN SIMON JELSMA
DONDERDAG E4 25-jan 17,00UUR CHRISTIAN 
VRIJDAG E1 26-jan 17,00UUR DOUWE DURK / RUDI
VRIJDAG E2 26-jan 17,00UUR JELMER DE BOER

SDS League
Om ’t noch altiten ûnrêstich is op de transfermerke wachtsje wy noch efkes mei de twadde helte fan de SDS League. De transfermerke rint oan ’t 31 jannewaris. Wy hoopje op 1 febrewaris mei de nije formulieren te kommen om op 10 febrewaris te starten mei de nije SDS League.

Prizen SDS League
As alles meisit wurde dizze wike de prizen fan de earste helte fan de SDS League útkeard.

Nije leden
Fan Koos Plantinga, dy’t de ledenadminstraasje docht, krigen wij in oantal nije leden troch:
Robin Plas, Remon Rameau, Johannes Zandvliet, Jurjen Tacoma, Kim de Jong, Tryntsje Bouma.

Net mear lid
It is fansels logysk dat er ek leden om ferskillende redenen net mear lid wêze wolle of kinne. De lêste ôfsizzingen komme fan:
Jurjen Tacoma, Malcolm Feijten, Remco Brouwer, Johannes Dotinga, Marcel Veffer.

Wa wie dat ek al wer? (9)

Hawwe jim noch in leuk fuotbalferhaal oer Sjoerd Hovenga, mail it ús.

Futsalle
Kommende sneontejûn kinne de senioren wer futsalle. It begjint om 19.00 oere. Opjaan kin bij de eigen lieder of Roel Sijbesma. Doch it gelyk.

Pikefel(3)!
Ek by it basketballen kin publyk je pikefel besoargje. It sil je by Aris net gau oerkomme, mar miskien al by Panathinaikos(klik hjir).