Wepperkes -sneon-

Wepperkes -freed-
24 november 2006
Wepperkes -snein-
25 november 2006

SDS 3 wint nei enerfearende pot fuotbal
SDS 3 moast it hjoed opnimme tsjin Oeverzwaluwen 2. Wij witte wol seker dat wij ynkoarten in ferslach krije fan ien fan de “Join the winning team boys”, mar wij ferklappe alfêst wat. Bij it skoft wie it 0-0. Nei de tee gie it oan. De Koudumers kamen op 0-1, Dirk de Jong makke 1-1. De gasten kamen wer foar mar no wie it Jan Stenekes dy’t gelykmakke. De winnende treffer waard skoord troch Dirk de Jong.

Ek SDS-ers aktyf op de Slachterin
Klik op de foto om originele grootte te bekijken

In protte fuotbal wie ôflast en dan kinne je samar efkes in loopke drave. Dat oerkaam Paul de Boer (A1). Hij en in oantal oare (âld) SDS-ers, lykas Meinte en soan Piter, Bert Rienstra, Jurjen van der Wal en Henk Ruiter wiene op de 5 of 10 kilometer aktyf.
Sjoch foar in eigen fotoreportaazje op dizze link.
Foar noch moaiere foto’s kinne jim op de banner fan Jaring rjochtsboppeoan dizze side klikke.

B1 wint op é Jouwer
Sjoen de stân moasten we ek hjir 3 punten weihelje. Dat foel noch net mei. De wedstriid wie reedlik mar we brûke en fine inoar yn it fjild noch net genôch. Geduld en rêst yn it spul kinne de mannen noch net goed opbringe. Mar it wurd better. Hjoed wol wer hurd wurke mei syn allen en dat waard beleane mei 3 punten.Skoare: Wytse 0-1, 1-1 (rêst), Ewout 1-2, Wytse 1-3, 2-3. It komplete ferslach.
Takommend wike binne we frij. De lêste wedstriid (9-12) foar de winter (as die komt…) tsjin Makkum.
Ek der moatte we ús goed op tariede want Makkum litte harren net wer mei 9-0 fan it fjild stjoere!

SDS 2 net nei Hoogeveen
Ek de spilers fan SDS 2 kinne de Slachterin yn Wommels drave. De wedstryd yn Hoogeveen giet net troch.

SDS A1 net nei Hearrenfean
Sa’t wij juster jûn let noch melde koene, giet ek de wedstryd fan SDS A1 net troch.

SDS 6 giet wol troch
Harm Auke lit ús witte dat SDS 6 seker troch giet fannemiddei. At jim him sjen wolle dan moatte jim wol nei Aldehaske.

Buienradar
At jim witte wolle hoe’t it sit mei de buiren dan kinne jim
hjir klikke. Jim kinne dan sels sjen dat it fannemiddei moai droech waar is en dat it loopke nei SDS 3 fêst de muoite wurdich is.

Spilerskaart
Wy binne noch altiten benijd wa ’t ús fertelle kin wat foar fuotballer Pyt eartiids wie. As wy him no sjogge dan tinke wy oan in robuuste foarstopper. Mar der geane ek ferhalen dat hij keeper wie. Wa wit ús hjir mear oer te fertellen? Mail it nei
ús.




Net gek
Dit jonkje is no 5 jier âld. Doe dit filmke makke waard wie hy 4. Syn namme is Juan David Torres. Miskien wat foar SDS(klik
hjir)?

Hawwe jim noch wat leuks te melden dan heare wij it graach. Maile kin nei dit adres.