Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
22 november 2006
Wepperkes -sneon-
25 november 2006

Marcel bliuwt
Justerjûn waard offisjeel bekend dat Marcel Frankena ek folgend jier haadtrainer is fan SDS. Tidens de kwisjûn kaam foarsitter Douwe Durk mei dizze ferheugende meidieling. “Ik haw it hjir noch net ôfmakke ,”sa joech Marcel oan.
De seal reagearde mei in waarm hantsjeklap.

Ôflast!
De wedstryd tusken Heerenveen A2 en SDS A1 foar moarn is ôflast.
Feiko bedankt!

Wichard nei de finale
De earste foarronde fan de kwis is nei in tige spannende finale wûn troch Wichard Deinum. Wichard en Willem hiene earst Lolke oan de kant setten en fochten yn de finale om de winst. Wichard stie hieltyd foar mar Willem kaam mei de lêste fraach op gelinkense hichte. In shoot-out fraach moast de beslissing bringe.

Nei ôfrin sieten de trije kanidaten der útpeigere bij. It duorre lang foardat se op adem wiene en it fertroud wie om nei werom Wommels te gean.

SDS 5 giet net troch
AVC 4 hat te min spilers en derom giet de thúswedstryd fan SDS 5 net troch. De feteranen kinne no moai Slachterin drave yn Wommels sadat se getraind oan de start komme bij de snertrin.

Lokwinske
Der is hjoed wer in spiler dy’t Abraham sjocht. Sipke Hiemstra wurdt lokwinske mei syn 50ste jierdei. Wij binne benijd at er ek wat yn de tún stiet. 

Mar twa thúswedstriden
Moarn binne der mar twa thúswedstriden yn Easterein. C1 spilet om 10.30 oere en SDS 3 om 14.30 oere.

Seleksje SDS 3 (thús tsjin Oeverzwaluwen)
Jappie, Remco, Wouter, Auke, Jeroen, Jentsje, Sjoerd R, Anco, Jan, Durk, Gerlof, Jelte, Gerrit H., Albert Jan, Syb.
Skiedsrjochter is Friso, grinsrjochter Appie.
Net oanwêzich troch wurk: Wichard en Lieuwe.

Seleksje SDS 6 ( út tsjin Aldehaske)
Lieuwe, Rudy, Bas de H., Geert, Willem, Coen, Harm Auke, Gerlof Jan, Ivo, Romke, Bertus, Durk O, Tjeerd D.
13.15 fuort,14.30 fuotbalje en 16.15 3 punten mei werom
Net oanwêzich:
Pieter G: blessure
Rinse: plannen meitsje foar brulloft
Jacob Sjirk: trekker meitsje
Pieter Lieuwe: Pizza’s ite yn Italie
Tiemen: blommen kweke
Bas vd W: krystsjoppe
Erwin: wurkje

Harsens derby(27)!!
Dizze is spesjaal foar Marco Hoekstra(klik hjir).

Letter hjoed mear!