Wepperkes sneon 8 maaie

Utslaggen 8 maaie
8 mei 2004
Wepperkes -snein-
9 mei 2004

SDS 4
SDS 4 hat sneon 8 maaie net fuotballe. Leeuwarder Zwalkuwen hie te min spilers. Kommende woansdei wurdt de wedstriid spile yn Ljouwert. Hjirtroch koene Piet Kemper, Trinus de Jong, Pieter Groenveld en Rudy Dijkstra mei SDS 5 fuotbalje. Want dêr litte se it wol echt ôfwitte nei it kampioenskip.

SDS 5
De wedstriid tsjin Suwald soe spile wurde moatte op 22 maaie. Dat kin net. Dan is der keatsfeest yn Easterein. Der wurdt socht nei in oare datum. Kommende tiisdei liket de measte kâns te meitsjen.

SDS3
SDS 3 hat yn Ljouwert gelyk spile tsjin Rood Geel (2-2). Dêrmei lykje de kansen op in kampioenskip ferlern. Spitich, it hie sa moai wêze kind.

Grutske heiten.
Sneon 8 maaie stappe trije grutske heiten de kantine op de Skoalleseize binnen. Klaas Pompstra, Freddy Scheltema en Sipke Hiemstra. It skoalfamkespartoer fan Easterein hie de priis  wûn yn Ingelum. Brit, Anke Marije en Marije lokwinske.

Grutske memmen
Sneon 8 maaie stappe 3 grutske memmen de kantine …ensf.

de Treffer
Sa’t jim lêze koene is de Treffer út. In protte positive reaksjes oer de SDS 1 spesjal. Wy fine dat se dat fertsjinne hawwe.

Doelpunten
It like der oip dat Hendrik de Jong in serieuze bedriging wie foar Eddy de Boer. Dat wie mar tydlik. Sneon 8 maaie skoorde Eddy 3 kear en is net mear yn te heljen. Hy sit echt nei te tinken oer hoe’t hy syn ploechgenoaten betanke sil.