Wepperkes -sneon-

The Battle of the Sexes
6 januari 2006
Snertrace grut sukses
8 januari 2006

SDS 1 futsal mei nei de Trije
Yn Easterein waarden freedtejûn de foarrondes holden foar de Midwinterkup. Grutte winner wie SDS. Sy wûnen 5 kear.
Aldegea is as twadde einige.
SDS 1 – Arum 1                     3-0
Robert, Willem. Anne
SDS 1 – Aldegea  1               3-1
Peter, Willem, Robert
SDS 1  – Balk 2                      4-1
Peter, Robert, Tsjipke, Peter
SDS 1 – NOK 1                       1-0
Robert
SDS 1 – Hielpen 1                 4-0
Peter, Harm, Feite, Robert

SDS 2 ek troch nei Frjentsjer
SDS 2 is yn Koudum ek poulewinner wurden. 4 kear wûnen sy en 1 kear spilen sy gelyk. Mulier gie dêr as nûmer 2 ek troch. Klik
hjir om de oare ploegen te sjen dy ’t ek troch binne.

SDS 2 op moarn
SDS 2 spilet folgende wike fanôf 9.30 oere yn Frentsjer mei de Midwintercup. Sy sitte yn groep A. De rest fan de groep hoopje wy jim sa gau mooglik melde te kinnen.

SDS 1 op middei
SDS 1 spilet folgende wike fanôf 12.00 oere yn Frentsjer mei de Midwintercup. Sy sitte yn groep H. De rest fan de groep hoopje wy jim sa gau mooglik melde te kinnen.

Drave
Om 14.00 oere begjint de snert rin. In rûntsje fan 4 of hast 8 kilometer moat foar elkenien in útdaging wêze.
De wepmasters kinne helaas net meidwaan. Sij moatte wurkje of foto’s meitsje.

Oanbod
Nei oanlieding fan it boppesteande krije wij it geweldige oanbod fan Hendrik Eringa om frijwillich it plakje yn te nimmen as fotograaf om dêrmei dravende webmasters op de kyk te krijen. Wij sille der in nachtje oer tinke.

Kwis
Tidens de nijjiersrespesje dy’t om goed 16.00 begjint sil der striden wurde om de titel “fuotbalprofessor fan SDS””
Wurdt it Jan, Gearard, Lolke of Willem.
Kom allegear want it wurdt fêst wer spannend.

Keatsen!
Klaas Pompstra webmaster fan Kf Easterein makket ús attint op de partoeren dy’t harren opjûn hawwe foar de earste klasse bij it keatsen.
Op syn side stiet
in ferhaal en op de KNKB side stiet de folseine list.
Der steane wer hielwat SDS-ers op mei dochs wol in ferrassende rentree op de keatsfjilden fan……..

Djipgeand ûndersyk
Der is juster besletten om in djipgeand ûndersyk yn te stellen nei it falen fan it SDS lift team. Neidat se yn eardere edysjes al net ta grutte prestaasjes kommen binne, is 2006 in absolút djiptepunt. Under de titel ” gjin hamburgers yn Hel” sil in rapport opsteld. Fansels krije Jan en Sjoerd sels alle gelegenheid om harren fysje te jaan.

Liften
Wa’t it liftdossier fan 2006 noch in kear besjen wol, kin
hjir klikke. De lêste dielnimster (Janneke) is ek werom.

Hawwe jim noch nijs? Mail it nei info@vv-sds.nl!