The Battle of the Sexes

Wepperkes -freed-
5 januari 2006
Wepperkes -sneon-
6 januari 2006

Wy hawwe ynmiddels 4 ideeën binnenkrigen foar in tsjinprestaasje. Wy wolle fansels mear ideeën hawwe. Mail se nei info@vv-sds.nl. Lês hjirûnder wêr it ek alwer om gie.


CoVOS 1- SDS 1

The Battle of the Sexes, de striid tusken de man en de frou. Hja sjogge it yn in soad spultjes werom. In oantal jierren lyn waard der yn it televyzjeprogramma Telekids al in soad oandacht oan skonken. Doe waard der eltse sneontemoarn ‘de jongens tegen de meisjes’ spile. Yn neifolging fan dat barren stiet der wat nijs op it programma!

 

Op snein 15 januari 2006 sil der in foljebalwedstriid organisearre wurde tusken de froulju fan CoVOS 1 en in seleksje fan de manlju fan SDS 1. Dit barren sil plakfyne yn sporthal ‘de Greidhoeke’ yn Easterein om 18.00 oere. De wedstriidlieding sil yn hannen wêze fan Gerrit-Evert Tacoma en Anna-Marie Wijnia.

 

De seleksjes fan beide ploegen:
 

CoVOS                                                  SDS

Martine Ybema                                    Feite de Haan

Froukje Bosgra                                    Anne Stenekes

Froukje Dijkstra                                   Skelte Anema

Ank Kampman                                    Tsjipke-Klaas Okkema

Judy Bergsma                                     Robert Sijbesma

Petra de Jong-Wijnia                            Jan-Simon Jelsma

Catharina Terwisscha van Scheltinga     Dirk-Yde Sjaarda

                                                          Marcel Frankena

Wa sil der winne? CoVOS of SDS? De jierrenlange training fan ‘e froulju of de krêft fan’e manlju? Is it de slimhyd fan de foljebalfroulju wat de trochslach jout, of is it dochs de lengte fan de fuotbalhearren? Fansels is it in prestigestriid, mar der stiet ek noch wat oars op it spul. De ferliezende party sil namelyk in tsjinprestaasje leverje moatte. En dêr ha we jimme foar nedich!

 

Wy binne benijd wat jim der fan tinke. Wa sjogge jim as favoriet? En wat fine jim in goeie tsjinprestaasje foar de manlju as foar de froulju?

 

Stjoer jim ideeën nei info@vv-sds.nl , en wa wit wurd jim tsjinprestaasje ek echt útfiert.

 

Fansels binne jimme fan herte utnoege om op snein 15 januari om 18.00 oere yn ‘e Greidhoeke te kommen om te sjen wa’t de sterkste is yn dit spektakel. Dus set dizze datum yn’e aginda.

 

Oant dan!
DYS