Wepperkes -sneon-

Programma/utslaggen sneon
7 oktober 2005
Senioren helje net folle punten
8 oktober 2005

Beste prestaasje
De beste prestaasje fan de dei kaam op namme fan A1. Sy hellen tsjin de koprinner in prima oerwinning: 2-1 . Doelpunten wiene der fan Jelmer en Johannes

Ramme dan
At je foarhinne sokke dingen seine en skreaunen dan wie it net allegear goed gien en kamen der meast kaarten oan te pas.
No hat dit wurd, at je it oan elkoar skriuwe, in hiele oare betsjutting. Klaas Visser, lieder fan E2, hat in spiler yn de ploech dy’t hjir rekken mei hâldt. Klaas stelt dan ek foar om tenei jûns te spyljen.

SDS C1 berôve fan punten?.
Neffens Klaas Pompstra wurdt der de lêste tiid yn Ljouwert in soad berôve en stellen. Sels op de fuotbalfjilden. Mear witte? Dan moatte jimme it ferslach mar efkes lêze. Klik
hjir
foar Klaas Pompstra syn ferslach.

Clarence-sluier klassemint
Sûnt de ynfiering fan dit klassemint giet it hieltyd better mei it nimmen fan strafskoppen.
Helaas waard er hjoed wer ien mist. Bij A-2.
Wa’t dat wie en hoe’t hij der útsjocht as “Clarence” dat sjogge jim moarn.

Futsal: SDS 1 pakt 3 punten
De sealfuotballers fan SDS 1 pakten juster 3 punten yn de útwedstriid tsjin Avanti 2. De wedstriid waard mei 4-3 wûn. De doelpunten waarden makke troch Robert, Willem en Tsjipke(2x). De earste helte wie foar Avanti, mar de twadde helte wie dúdlik foar SDS. It hie dan ek wol in dikkere útslach wurde kinnen. It slagge de jonges mar net om te skoren en dêrmei ôfstân te nimmen. Hjirtroch wie it oan it ein ta noch spannend.
Woansdei spilet SDS 1 om 20.00 thús tsjin FFS 1.

The Happy Family
It docht bliken dat de ôfhelsjinees fan Wommels, The Happy Family, al jieren sponsor is fan VIBOA 3. Wy hoopje net dat dit it rissultaat fan SDS 1 fan forige wike tsjin VIBOA 1 negatyf beynfloeden hat. As sy mar begripe dat He Ke Vin by SDS bliuwt! Sjoch
hjir foar it hiele ferhaal.

Appie
Appie Posthumus leit noch altiten yn it sikenhûs. It giet reedlik mei him mar noch net super. Mei syn praten wol it noch net echt slagje. Ek de bloeddruk is noch oan de te hege kant. Appie wie freed jierdei en fansels wolle wij him lokwinksje. Hjir noch in kear syn adres:
Appie Posthumus
Antonius Ziekenhuis
Afdeling D0  Kamer 65 / 1
Bolswarderbaan 1
8601 ZK   Sneek

D3
It giet hieltyd better mei D3. Ferlearen se earst mei dikke sifers en skoorden se sels net, no ferlieze se noch wol, mar skore se ek noch goed. 4 kear sels. Spitich dat Arum 10 kear skoorde. De mannen fan D3 steane no ek op de foto. Sjoch by junioren.