Wepperkes -sneon-

Wepperkes -freed-
24 mei 2007
Wepperkes -snein-
26 mei 2007

SDS 2 degradeart
SDS 2 hat it hjoed net wier meitsje kind. In ferlies mei 0-3 tsjin Drenthina hat it lot besegele.
It earste kertier fan de wedstryd wie dúdlik foar Drenthina. Nei 20 sekonden skeaten sy al in bal op ‘e peal. Nei in kertier begie SDS te fuotbaljen en wie it wachtsjen op in goal. Dirk hie in grutte kans krekt foar de rêst mar dat waard neat. Doe ’t Drenthina nei in kertier yn de twadde helte de 1-0 makke wie it dien. SDS probeare it noch al, mar it waard gjin wedstryd mear. Úteinlik waard it 3-0.

Balk ek yn twadde klasse
Balk is takem jier ien fan de tsjinstanners fan SDS 1 yn de twadde klasse. Minnertsgea waard mei 2-1 ferslein op it fjild fan WPB. Opfallend ferskynsel op it fjild wie in streaker. Yn tsjinstelling ta oare wedstriden stie elkenien te sjen en die net ien wat. Jan Dommerholt (WPB) wie de ienige dy’t nei de man tarûn en de man wer fan it fjild liede. Der wiene dizze kear gjin 25 suppoosten nedich dy’t normaal as gekken efter sa’n man oandrave.

De lêste dei !!
Hjoed is de lêste dei om in stikje yn te leverjen foar de lêste treffer fan dit seizoen. Sneintemoarn wurdt er opmakke en dêrnei geane ek wij pinkster fieren.
Wij krigen juster noch in moai stikje fan de A’s en nei de wedstryd fan it twadde hjoed komt dat ek noch.
Unbegryplik is it dat der fan SDS 1 gjin jieroersicht yn stean sil. Opfallend is dat er bij de D’s net folle skriuwers sitte. Fan harren hawwe wij neat.

Op nei it Hearrenfean
In echte SDS supporter giet hjoed nei Hearrenfean om SDS 2 te stypjen. Om 14.30 oere op it fjild fan de Boys.

Net mei
De rel yn Easterlittens rûn SDS A1 spiler Feiko Broersma hat er ta laat dat Feiko hjoed net mei docht Jong Nederlân yn Frjentsjer. Lês
hjir werom net.

De Poll

Dizze wike hiene wij in poll mei de fraach hokker SDS-doarp it heechst einigje soe yn Frjentsjer.
39 minsken hawwe de muoite naam om efkes te stimmen (dat falt ús wat ôf) en it liket der op dat de mearderheid it antwurd goed hat. Wij heare krekt 13.00 oere) dat Wommels op de fjirde list stiet, dat Easterein der ôf.
Hoe it mei Itens en Winsum gien is, is ús net bekind. Fan Littens ferwachtsje wij no gjin grutte dieden mear. Sjoch hjir foar de poll op de side fan de KNKB(klik
hjir).

Amateurfuotbal
Dizze wike wie der in reportaazje oer it amateurfuotbal.
Yn dit filmke binne wat bylden te sjen fan dingen dy’t it fuotbal net leuk meitsje. Allegear opnommen yn Noord Hollân yn dit seizoen.

Alde doaze

Mar wer ris efkes yn de âlde doaze sjoen. Dêr kamen wij Jan de Vries tsjin. Wa’t syn fuotbaltalinten omskriuwe kin, mei ús maile nei dit adres.

Jirnsum-Udiros
Dirk de Jong (spiler fan SDS 2) is fersoarger bij de fuotbalklup Jirnsum. Troch syn wurk dêr, is de ploech fit. Dat moat ek want sneintemiddei moatte sij oantrede tsjin Udiros om promoasje nei de tredde klasse.
Wij hoopje dat it spul fan Jirnsum  net sa drok is
dit affysje.

SDS Hyve
Redmer Strikwerda hat fan ‘e wike de SDS-Hyve wat opkrease(oar wurd foar oppimpt). Klik
hjir (of hjir)om ek lid te wurden fan de SDS-Hyve.