Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
25 mei 2007
Wepperkes -moandei-
28 mei 2007

Mar Itens dan….
Yn de poll fan dizze wike wie der nimmen dy’t Itens heech ynskatte. Dochs, sa lit Hinnaardster Immie Kamstra ús witte, hawwe sij it goed dien. Yn de twadde omloop fersloegen sij Winsum, mei Geert Dijkstra, en dat wie doch in prestaasje fan formaat. Wommels is dan it heechste einige, Itens is wol op it twadde plakje. Hulde Hinnaarders…..

Alves bliuwt
Wij binne der no wis fan dat Alfonso Alves bij sc Hearrenfean bliuwt. Jan Thomas Faber fan de Walperterwei hat efkes mei de topskutter praten en Alves hat oanjûn: “asto bij SDS bliuwst dan bliuw ik bij it Fean”.
Jan  Thomas hie der neat op tsjin om efkes mei Alves op de foto.


Jan Thomas en Wytse mei Alves

In streaker
Sneontemiddei wiene wij mar efkes te skouten foar Marcel bij Balk-Minnertsgea. Want ien fan dy ploegen is takem jier de tsjinstanner.
It waard Balk. Yn it skoutingsrapport sille twa dingen stean: Balk spilet yn giele sjurts mei wite mouwen en yn  blauwe broeken mar soms dan hawwe se neat oan.

Mear foto’s fan dizze wedstryd kinne jim fine op de site fan Minnertsgea.

Keeper(5)
SDS is noch altiten op syk nei keepers foar folgend seizoen. It leafst hawwe sy in keeper dy’t ballen pakt en fierder net. Hy hoecht net per sé Frysk prate te kinnen. Jean Marie Pfaff syn Dúts wie ek net alles yn de tiid dat hy by Bayern München keepte(klik hjir). 

Valkenburg
It fytsen yn Valkenburg sil ek fan ’t simmer wer in grut sukses wurde. Dizze minsken hawwe harren al opjûn:

  1. Pieter Sybesma
  2. Tineke Kamstra
  3. Dirk de Jong
  4. Marten Faber
  5. Rixt Vijlbrief
  6. Dirk-Yde Sjaarda
  7. Tsjipke-Klaas Okkema
  8. Esther Hoitinga
  9. Martina Ybema
  10. Sybrand v/d Weij
  11. Judy Bergsma
  12. Froukje Dijkstra
  13. Robert Hoekstra
  14. Tineke Meijer
  15. Jan-Simon Jelsma
  16. Marco Hoekstra
  17. Lysbeth Huitema
  18. Harm-Auke Dijkstra
  19. Vera de Vries
  20. Anne Stenekes
  21. Metsje Huitema
  22. Robert Sybesma
  23. Wiepkje Hiemstra
  24. Romine Jelsma
  25. Hendrik Kuiper
  26. Hilda Bosma
  27. Gerard van Asselt
  28. Jacob-Sjirk Joustra
  29. Christian Hoekstra
  30. Tjerk Politiek
  31. Margriet Rienstra
  32. Jan Stenekes
  33. Lisanne van Dijk

Nijs? Mail it nei de dizze adressen.