Wepperkes -sneon-

Wepperkes -freed-
11 februari 2005
Wepperkes -snein-
13 februari 2005

Ôflast!
De oefenwedstriden SDS 2-Hielpen 1 en SDS 4-SDS 3 binne ôflast. Wy witte net as SDS A1 tsjin SDS B1 wol trochgiet.

Gjin gehoar?
SDS C1 moast hjoed tsjin Harns C1. Tamme hat om kertier foar achten skille nei Harns. Der krige hy te hearen dat hja bliid wienen dat Tamme skille. Werom? Se koenen tsjin Tamme sizze dat de wedstriid ôflast wie (2e kear). En se seinen dat hja skille hienen nei Easterein mar gjin gehoar krigen. No wenje hjir in soad minsken, dat was se dit kear skille ha? Foarige kear giet it ek al fia Rinse nei broer Roel, nei Tinus, nei….ensfh. Hoe dan ek. We ha de jonges dernei skille en allegear klonken se nochal sloech. Mei dit waar mar omdraaie en fierder dreame fan in libben as topfuotballer?
Dat is gau berikke, want as Cambuur ek al útwedstriden begjint te winnen…..
Klaas Pomstra

Wat no?
No ’t al it fuotbaljen wer net troch giet moatte wy mar wat oars betinke om te dwaan. It gros sil te winkeljen gean mar wat binne jimme fan doel? Mail it nei
info@vv-sds.nl.

Fuotbalskuon keapje
Der binne guon dy witte it winkeljen ek noch leuk te meitsjen. Sicco Scheltema giet mei alle wille mei nei de stêd: hy mei nije fuotbalskuon útsykje. Letter fan’e middei hat er in fuotbalsjurtfotosesje mei ús.

Gjin fuotbal…..dan… 
…tariede op de gearkomste mei de Skoalleseize op 16 febrewaris,
…tariede op it kommende keatsseizoen…
…it jierferslach fan de ponghâlder fan de keatsferiening ôfmeitsje…
…simmerfakansje, foar nei de Freule, boeke/befestigje
…wat wurk dwaan foar it wurk, sadat ik moandei frij kin…
…mailtjes stjoere nei de SDS-webmasters… en oaren…
in kear iten siere…
…sjen as der gjin pannen fan it dak waaie
…ensfh.
oh ja,
…en miskien ek wol efkes…’dom’ omhingje…
Klaas Pompstra

Fenfan
It liket ús seker de muoite wurdich om efkes by supporters SDS te sjen. Der is ûnderwilens in flinke kolleksje sjurts. Ek fan dizze klup, wêr’t hjoed in prachtich stik oer stiet yn de Ljouwerter Krante, sit er by.

It Newcastle sjurt

In idee!
In leuke tip foar fanmiddei is miskien om 14.30 oere yn Snits te sjen. En dan bedoele wy net yn ‘e stêd, mar by ONS-Harkemase Boys, de Fryske derby yn ‘e Haadklasse-Sneons. De frou sil net bliid wêze mei dizze tip, mar je kinne it ek kombineare. Sy de stêd yn en jo nei it fuotbaljen. Je hawwe meiiens ferfier.

Links
As jimme hjoed dochs mar wat by de komputer omhingje sjoch dan ris op dizze side by de “links“. Hjir steane wer wat nije links by en de boel sjocht der wat fleuriger út. Hawwe jimme noch in aardige link, mail him dan efkes nei info@vv-sds.nl.

SDS League
It is hjoed echt de lêste dei om de nije teams fan de SDS League yn te leverjen. Klik
hjir foar it ynfulformulier, ful it yn en mail it nei SDSLeague@vv-sds.nl of goai it by Willem Wijnia of Roel Sybesma troch de bus.

Fenfan
De famylje Kooistra hat op de foto west by omke Durk. Sjoch by “SDS-supporters” foar it rissultaat. (Let net op it behang)

Marcel Frankena
Wy hawwe noch altiten net in foto krigen fan ús nije haadtrainer fan folgend jier, Marcel Frankena. Ús “paparazzi” wiene ôfrûne sneon net hielendal skerp. It die bliken dat Marcel Frankena te sjen wie by SDS-ONT en net ien hat in foto fan him nommen. Neffens de ferhalen kin de foto mei dy grutte snoek dochs wol de Marcel Frankena wêze dy ’t ek graach aaisiket en folgend jier trainer-coach wurdt fan SDS 1. Dêrom is ‘ie hjir noch mar in kear.

Soe dit him dan dochs wêze?(dy mei dy pet bedoele wy).