Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
11 mei 2007
Wepperkes -moandei-
14 mei 2007

Utslaggen
Wij hawwe helaas noch net alle útslaggen fan sneon binnen. Mochten jim in “standsje” witte, dan graach trochjaan op
dit adres.

Ut in hiele âlde doaze!
SDS 5 wie sneon op besite bij WPB yn Snits. Dy ploech spilet sûnt koart op it Schuttersveld, in nij sportpark tusken Ysbrechtum en Snits. Op dat sportpark kinne je kuorkebalje, keatse, honkballe, hurdrave en oare atletyk en alles wat er mar yn in sporthal mooglik is.
Sneon wiene de keatshaadklassers dêr ek aktyf. Ien fan de taskowers wie dûmny Hindrik Dijkstra, earder lapkekeapman yn Wommels. Hij hie yn Diggelfjoer, it doarpskrantsje fan  Wommels, it artikel lêzen oer Wommels – Easterein. Hij fûn it prachtich dit initsjatyf want sij sei hij: wij fochten froeger allinne tsjin Eastereinders, fuotbalje is der nea fan kommen.

Unthullingen

Dyselde dûmny Dijkstra rekke earst yn petear mei Folkert Rients Vellinga, mar woe syn echte Wommelser ferhaal dochs wol oan in Wommelser kwyt.
Dijkstra fertelt dat ek yn Wommels foarhinne in fuotbalklup wie (net oansluten bij in bûn) mar dat sij fuotballen ûnder de namme SDO (Samenspel Doet Overwinnen) No begripe wij ek better wêr’t de namme SDS wei komt.

Yn ûnmacht

Flakbij Ysbrechtum lei in skiep yn ûnmacht. Dat seagen de spilers fan SDS 5 ûnderweis nei Snits. Dat koe bisteleafhawwer Stoffel net oansjen. Hij stapte út de boat en rêde in skiep fan de dea.

Ien kear goed leard……

Jelle de Boer komt fan Iens en dus ek in bytsje fan Spannum. Dêr is neat mis mei. Dat is sels goed. Want dan kinne je mei gemak dy bal yn de koer smite. Ek mei wynkrêft 7. Sjoen yn Snits.

Moai fuort west…..
SDS 5 is moai fuort west. Dat meie wij wol konkludeare at wij de foto’s sjogge. Sjoch
hjir foar in reportaazje.

Te keap?
In opmerlike adfertinsje hjoed op Marktplaats(klik hjir). Sterk door Scorebord????