Wepperkes -sneon-

Wepperkes -freed-
29 oktober 2004
Út de âlde doaze
30 oktober 2004

Dringende OPROP!
Grinsrjochter frege foar de wedstryd Zeerobben 2 – S.D.S. 2, op tiid werom foar it earste!!
10.30 oere fuort by it sportfjild, 12.00 oere begjin fan ‘e wedstriid.
Alfêst bedankt!!
As je kinne skilje dan efkes mei Klaas Okkema.

Wrâld nijs.
Wy dogge hjir wol ris wat lullich oer Cambuur. Dat is fansels net terjochte. It is in prima klup, sprekt ta de ferbylding, hat hûnstrou publyk, in geweldige trainer, in lege kas, in optimistyske foarsitter en hast gjin punten. Dêrom binne wy bliid dat wy op dit stuit al melde kinne dat Cambuur wûn hat yn Dimter. In oerwinning dy’t harren op it paad set nei it 6de plakje. Fan herte lokwinske ek út namme fan Sjoerd.

Kenniskwis
Kommende tongersdei 4 novimber is de earste foarrondejûn fan de fuotbalkenniskwis fan SDS edysje 2. Wa wurdt de opfolger fan Willem Wijnia.
Wy hawwe yn dizze earste jûn in twin tiger, tri tiger en in fjir tiger. Anne Stenekes, Jappie Wijnia en Lolke Hofstra sil as liuwen fjochtsje om it fragenfjoer fan Freddy Scheltema trochstean te kinnen.

De jûn begjint om 21.30 oere en is sa opsetten dat der 2 spilers de finale spylje. De winner giet nei de grutte finale, dy’t op de nijjiersrespesje fan SDS begjin jannewaris holden wurdt.

Jappie, Anne en Lolke hawwe supporters nedich.
Dêrom: Kom allegear

Klupfine
Soms moatte je nei plakken ta te fuotbaljen, wêr fan je amper heard hiene. It falt soms ek net ta om it goeie paad nei it sportpark te finen. De sjoffeur fan BroeksterBoys bus wit dêr alles fan.
Der is no in alder aerdischte kaart makke wêr’op alle amateurklups op steane, mei in plattegrûn wêr’t je fuotbalfjild fine kinne. “Clubvinder Voetbal” hiet dat ding en at it ús net mist is der foar lieders fan SDS fêst ien beskikber. Freegje der nei by it sikretariaat. Sa kinne je wol hiel maklik it stadion fan Blija en Dolsterhuzen fine.

Drok, drok, drok!!
No ik it op it heden nogal drok haw komt der thús fansels neat fan ôfwaskjen(lit Richt it net heare). Dêrtroch kom je wolris foar problemen te stean(sjoch hjir).

Dûnsje
Mocht SDS no moarn de perioadetitel pakke dan moate wy folgende wike mar ris wat leuks útfine by de thúswedstriid tsjin Zeerobben. Wat tochten jimme der fan om dizze man(klik hjir) út te noadigjen om syn kuenstke yn de rêst op te foeren.

Kuenstgers
It is foar Klaas Okkema en syn mannen fan SDS 2 mar te hoopjen dat dat kuenstgersfjild yn Harns wat wetter hawwe kin. Oars hoefe de spilers net lang nei te tinken wat foar skuon se oan hawwe moate. Dan wurde it gewoan ……………..leazen.
Mocht it dichs wer wat droech wurde dan hat SDS 2 miskien al wat oan dizze foto’s fan it fjild yn Harns(klik hjir). Dan hawwe sy fêst in idee.

De Spearders(2)
De link dy ’t wy juster op de side hienen oer de dartclub fan Easterein , de Spearders, hat hun goed dien. De side waard lyk goed besocht. De Spearders joegen lyk oan dat sy der noch folle mear oan hawwe as sy nije leden krije. Mochten je belangstelling hawwe dan kinne je op hun side sjen(klik hjir). Der wurdt darten op freedtejûn yn de Tsjerne yn Easterein. Foar de jeugd fanôf 19.30 oere en fanôf 21.30 oere foar degenen boppe de 18.