Wepperkes -freed-

Seleksjes Blauw-Wit 1 en SDS 1 sneon.
29 oktober 2004
Wepperkes -sneon-
29 oktober 2004

Futsal: SDS 3 wint alwer
SDS 3 hat woansdei thús mei 8-0 fan Renado 6 wûn. By de rêst wie it noch 6-0. Wa as de doelpunten makke hawwe is ús noch in riedsel. Miskien kin ien ús dat noch maile? Mail it nei
info@vv-sds.nl. De útslach(en it ferslach) fan SDS 2 hawwe wy ek noch net.

De Treffer op ynternet
As it allegear wat lukt dan kinne jimme foartaan de Treffer ek eltse moanne op ynternet lêze. Dit is lang sa leuk net fansels as dat je him thúskrije, want yn de ynternetedysje steane gjin foto’s. It is no al sa dat minsken yn it bûtenlân bygelyks alris sjen kinne wat de Treffer no sa ’n bytsje ynhâldt. Sjoch by “de Treffer”  ûnder “De Treffer” en jimme kinne de Treffer fan juni 2003 en de Treffer fan oktober 2004 delhelje.

SDS League
De SDS League is alwer 6 wiken oan ‘e gong dus it wurdt wer tiid om it oer it jild te hawwen. Dizze of kommende wike wurdt it dielnimmersjild ôfskreaun by de measten. By inkelden wurdt der ek wer wat prizenjild by stoarten.

Koppe

Hjir dan eindliks it bewiis dat koppen hartikke ferkeard is….

Mear as 10.000 besikers?
It begint der op te lykjen dat wy dizze moanne wer in nij rekord pakke. Foar it earst hawwe wy dan mear as 10.000(!!) besikers yn ien moanne hân op ús webside. Dat binne der nochal wat.

Zeerobben 1, 2 en 3
Opfallend oan it programma dizze wiken is dat moarn SDS 2 tsjin Zeerobben moat en folgende wike SDS 1 en 3.

Ûndogens
Ús lytse Tom is best wolris ûndogens mar hjir witte Richt en ik echt neat fan (klik
hjir).

KNVB wer online
Fan ‘e wike wie de webside fan ‘e KNVB min te berikken. Wy hawwe fannacht efkes probeare mar de side docht it wer.

Wat foar skuon?
Sa as earder al sein spilet SDS 2 sneon yn Harns tsjin Zeerobben 2. Normaal net sa ’n probleem is it net dat Zeerobben dit jier foar it earst syn thúswedstriden op kuenstgers spilet. Trainer Klaas Okkema sit no de hiele wike al mei syn hannen yn ’t (lytse protsje) hier. Wat foar skuon moatte je no drage op sa ’n fjild? Skuon mei 6 noppen meie net, sûnder noppen wol net, slippers meie net. Klaas wit it ek net mear en hat eltsenien fan it 2e mar frege om mar safolle mooglik ferskillende skuon mei te nimmen. Dan komme je ek net foar ferrassingen te stean. Wy hawwe al heard dat Willem lyk syn kistjes yn ‘e
fuotbaltas dien hat…… 

De Spearders
Easterein kint in “bloeiend” ferieningslibben. Dit koenen wy lêzen wol lêze yn ‘e Ljouwerter Krante. Easterein hat no ek in eigen dartclub. Jimme kinne der alles oer lêze op hun eigen webside. Sjoch
hjir.