Wepperkes – sneon –

Oflast!!!!!!
27 augustus 2004
Utslaggen 28 augustus
29 augustus 2004

FVC – SDS
Hjoed om 18.30 oere wurdt de beslissende wedstriid spile yn de bekerpoule. SDS stiet er goed foar en soe mei in gelykspul en oerwinning nei de folgende ronde gean. Wy geane der fanút dat er wol fuotballe wurdt, mar binne der wis fan dat er net brûsd wurde kin. Neffens de lêste berjochten is de legionella baktery fûn yn wat klaaikeamers yn Ljouwert en dy fan FVC binne dêr ek by. Foar SDS is dit fansels gjin probleem. Want sy binne wol wend om net te brûzen ,,,, nei in training yn Wommels.

Willem
Sa’t Willem juster al melde is hy mei syn Richt en Tom op fakasnje. Nei Drente. Noch fierder reizgje mei dy âld motor is net fertroud. It is wol opfallend dat Willem foar Drente kezen hat. Of hat dat mei de kompetsyjeyndieling fan SDS 2 te meitsjen. Soe Willem efkes yn Hollandseveld sjen by HZVV en soe der ek in útstapke ynsitte nei Hoogeveen om de Weide efkes te besjen. En Noordscheschut is dat ek net in prachtich plak om wat om it fjild hinne te rinnen en de hege tafel te testen? Ik tink dat SDS aansens mei 9 dikke punten út Drinte werom komt tanksy it skoutingwurk fan Willem.

Nijs
Hawwe jim nijs, stjoer it dan dizze dagen nei hof.hol@planet.nl . It kin wêze dat it nijs der wat letter op komt mar dat hat te meitsjen mei it fuotbal toernooi op Skylge. Of soene wy ek ynternette kinne op Skylge. 

Traine
Sipke Hiemstra hie tongersdei in grutte ploech belangstellenden fan SDS 3 , 4 en 5. Sa’n 20 man melden sich foar de training. Noch efkes en je heare der net mear by at je net traine. (Eddy, oppasse dus) Nije wike tongersdei iets foar heal achten begjinne soe goed útkomme.