Wepperkes -sneon –

Bekerprogramma SDS 1 en 2
2 juli 2004
Wepperkes -woansdei-
3 juli 2004

Nij lid.

Fan Eddy de Boer krigen wy troch dat er noch net folle nije leden by kommen binne. Dat soe betsjutte dat SDS 6 der net komt. Yn alle gefallen net op it fjild. It hat fansels wol kâns dat se in langsume opbou dwaan wolle om sa in goeie start te meitsjen. Mooglik dat se earst kieze foar de tredde helte en wannear se dêr in goeie basiskondysje opboud hawwe, dochs noch foar de earste en mooglik ek foar in twadde helte gean. Neat mis mei fansels at je roppe dat it om de tredde helte giet.

 

 

Traine

Lykle Bleekveld is de nije trainer fan SDS foar kommend seizoen. It is in man dy’t de training tige serieus nimt en der yn de tarin fan it seizoen betiid mei begjinne wol. Sa giet it dit jier 27 july al wer los. Dat it Lykle noch net betiid genôch is, die freedtejûn yn Hart fan Nederlân bliken. Yn byld mei Pyt Paulusma die bliken dat hy ien dan de organisatoren is fan it iepen toernooi dat hjoed holden wurdt.

Dit toernooi is allinne mar bedoeld om de SDS-ers al fêst yn aksje te krijen. En om se dêr hinne te lokken stiet er in tinte (mei fleskes) by it fjild yn Dronryp (en net op Schatzenburg).


Yndielingen Futsal
Ûnder “zaalvoetbal” kinne jimme by sawol SDS 1, 2 as 3 de nije kompetysje-yndielingen fine. De KNVB is hjir drok mei oan ‘e gong en liket noch net hielendal klear. Sa spilet SDS 2 yn de 2e Klasse as SDS 1.

Yndielingen Futsal (2)
It is wol dúdlik dat de KNVB noch mei de webside oan ‘e gong is. Justerjûn wienen de kompetysje-yndielingen noch te finen. No binne sy al wer fuort.
 

Foto mei by skrift

Wy hiene ferline wike in foto pleatst op ús side mei de fraach om in byskrift te betinken. Gelokkich hawwe der yn dizze simmerperiode dochs noch minsken west dy’t reagearden.

Wy geane takem jier fierder mei dit idee mar dan fan SDS-ers.

Dizze foto stie ek op in oare side (planet) en de reaksjes dy’t dêr binne kamen wolle wy jim net ûnthâlde:

 

v     Nee Dick..je moet niet naar mijn moeder luisteren!”

v     “Kijk Arjen, je ben jong en hebt nu al twee inhammen in je haar. Laat je implanteren, krijg ik een bonus, mag jij weer spelen”

v     “At your service, Arjen.”

v     ” Hé als ik jou de volgende keer wéér wil wisselen blijf je maar gewoon staan ”

v     Dick:”Robben, wisselen! Oh wacht het is een training, geen EK-wedstrijd.”

v     Advocaat: “Hierbij verklaar ik U heilig in de naam des Here”

v     “Heb ik je toch mooi tot de beroemdste wissel aller tijden gemaakt! Goed voor je exposure, Arjen!”

v     Dick tegen Robben: “Niet zeuren Arjen, een 2e keer zou ik net zo makkelijk weer de zelfde blunder maken”)

v     De minister van informatie legt spelers uit hoe ze het slechtste kunnen Dick: ik heb er nog 2 gevonden die het met de wissel eens waren.

v     Oke Arjan, door jou heb ik de wisselbeker gewonnen, maar je krijgt hem niet, en nou opzouten.

v     Sorry Robben, ik dacht dat wij nog maar twee minuten te spelen hadden!