Wepperkes -sneon-

50.000 besikers!!
29 mei 2004
SDS-ers mear bûkelje as boppeslaan
29 mei 2004

Autocrosse
Yn ‘e lêste Treffer koenen jimme in ferslach lêze oer Piter Liuwe syn grutte passie “autocrosse”. Nei in lange tarieding, koe hy forige wike dan eindliks foar it earst oan ‘e start ferskyne op it circuit fan Wolsum. Mei in stik of wat SDS ‘ers oan ‘e kant waard it net wat Piter der fan hoopt hie. Nei de earste bocht wie it allegear al meleur. Dêr stie Piter mei de auto út de bocht en in lek oaljefilter. Piter hie gjin oaren by him en moast de striid stake. De ôfrûne wike hat Piter syn auto repareare. Kommende sneon (5 juni) is Piter wer te bewonderjen op it circuit fan Wolsum. Hooplik duorret it no wat langer. Ek âld-SDS ‘er en Eastereiner Jaap van der Velde crost mei.

Ôfskied
Justerjûn hawwe de A- en B-seleksje ôfskied nommen fan inkelde minsken. Nei in potsje tennis, in barbecue en inkelde bierkes waard ôfskied nommen fan de trainers Kees Jansen en Marco Hoekstra, de lieders Durk Okkema en Jan van Asselt, de spilers Marco Ottens en Broer Wiebe de Ringh  en grinsrjochter Appie Posthumus. Sy krigen allegear in boskje blommen. Kees Jansen krige ek noch in shirt mei opdruk fan de spilers fan SDS 1. Marco Hoekstra krige fan de spilers fan SDS 2 in pen mei ynskripsje en in kampioensfoto fan SDS 2. Dizze foto krigen Durk en Appie ek en in zippo mei ynskripsje. Jan van Asselt wie mei fakansy.

Meast waardefolle spilers.
Âld-trainer Kees Jansen naam justerjûn ôfskied. Hy makke fan de gelegenheid gebrûk om foar SDS 1 en 2 syn meast waardefolle spiler út te rikken. Hy stelde hjirby twa moaie wikselbekers ter beskikking. Gert Jan Hiemstra waard troch Kees útroppen as meast waardefolle spiler fan SDS 1. Gerrit Terpsra krige dizze titel by SDS 2. It is de bedoeling om fanôf no elts jier in meast waardefolle spiler út te kiezen.

Tennisse
Om dochs wat dwaande te wêzen spilen de A- en B-seleksje juster in tennistoernoaitsje foar sy oan it fleis fan de barbecue begjinnne koenen. Yn de winnersronde waarden Henk Postma en Kees Jansen de winners. Yn de ferliezersronde wûnen Jan Stenekes en Harm Auke Dijkstra.
It wie fanmoarn al te sjen op it tennisterrein dat it justerjûn gesellich west is. Der leinen noch 4(!!) tennisrackets. Ik hie in blauwe, mar dy wie net te finen. It wie ien mei in blaue hoes. W hat him wol?

Keatswante
Robert Sybesma is forige wike syn wante kwytrekke tidens de keatsfestiviteiten yn Easterein. Dit betekent dat der dizze simmer net fuort kin te keatsen. It wie in reade wante. As ien him fûn hat, dan mei dy wol efkes maile nei info@vv-sds.nl. Degene mei him fansels ek gewoan by Robert bringe.

Computers
Inkelde wiken lyn soe Anne Brouwer wol efkes op ynternet it reglemint fan ‘e KNVB opsykje om te sjen as Gert Jan Hiemstra ek skorst wie tsjin Bolswardia. Hy fûn it reglemint en woe efkes dat stikje wêr as der wat oer yn stie útprinte. Doe der mar noait papier út de printer kaam sette hy alles mar út. It duorre him fiersten te lang. Oansteand skoandochter Anke moast it belije de folgende deis. Doe ’t sy de komputer oan die, begie de printer te rotteljen. It hâlde mar net op. Nei in kertier lei it hiele reglemint fan ‘e KNVB op ‘e printer.