SDS-ers mear bûkelje as boppeslaan

Wepperkes -sneon-
29 mei 2004
Wepperkes – sneintejûn –
30 mei 2004

Net folle sukse wie der op Juniorenpartij yn Frjentsjer foar al dy SDS-ers dy’t meidiene  (sneon):
Mantgum: Skelte Anema

Mantgum hie twa blessearde/sike jonges. Skelte mocht net allinne keatse. Reglementair ferlern mei 5-0 6-0

Burchwert: Tjerk Okkema

Burchwert gie goed fan start tsjin Broeksterwâlde (mei Johan van der Meulen) mar moast mei in 5-2  6-6 nederlaach genoegen nimme
Wommels: Jacob Klaas Haitsma

Wommels bûkele troch de earste omloop hinne tsjin Bitsgum. Op 5-5 6-6 miste de opslagger fan Bitgum it perk. Jacob Klaas hie dúdlik in ôfskiedsfeest yn de fuotten mar foaral yn de hannen.
Spannum: Ido Harkema, Bote Strikwerda, Jacob Tijmersma

Spannum trof it net, want oantrede tsjin St Jabik (finalist) wie te dreech. 5-0 6-0 is lykwols wol hiel súterich
Easterein: Marten Faber, Tjipke Klaas Okkema, Dirk Y Sjaarda

Easterein hie gjin muoite mei Winsum.  (5-1 6-6). Yn de twadde omloop waard Littens ek oan de kant setten. (5-4 6-6). Tsjin Frjentsjer yn de tredde omloop gie it goed oan 3 earsten gelyk ta. Doe waard it bûkeljen ynstee fan boppslaan. Op 5-4 en 6-2 wie it dien mei Easterein.

Op de foto: Tsjipke en Marten yn it perk

Itens: Albert Jan Kamstra, Sybren Nauta

Itens koe net winne fan Easterlittens. Einstân 5-1 en 6-2.
It is te hoopjen dat de senioren it moandei better dogge.