Wepperkes -sneintemiddei-

In moaie sneon
2 oktober 2004
SDS foar Omrop Fryslân
3 oktober 2004

Hoe kom ik by SDS?

De Boys fan Broekster Boys geane mei de bus nei útwedstriden. Ûndanks it feit dat er prima routerplanners en navigaasjesystemen binne, woe de sjofeur op de âldfrinzige wize sjen at hy te plak komme koe. By kafe Bergsma dêrom mar efkes in âld froutsje freegje, hoe’t je by SDS komme.

Dy seach dit as in kâns om dizze “toeristen” efkes in stikje fan Easterein sjen te litten en stjoerde se rjochts ôf, oer de brêge lofts en nei wat kronkelbochten kamen je wol te plak.

Dat se sels noch nea in bus bestjoerd hie wie wol dúdlik want mei wat auto’s oan de kant rekke de bus suver fêst yn it stilsteande ferkear.

“Goeie rie is djoer,”tocht de sjofeur, doe’t hy by Lolke Bouma foar de winkel stie.”mar efkes de slachter freegje, dy sil it fêst wol witte.

“Hoe kom ik by SDS,”frege de man.

“Hurd traine en dan ha je wol kans,”wie it antwurd fan Lolke.

Nei wat draaien en kearen kaam de bus aardich ferlette oan by it sportpark. Dat de ploech net echt skerp wie hie mooglik mei it boppesteande te meitsjen.

 

Spits

By SDS E4 fuotbalje Remco, Jorn, Harm, Gosse, Marco, Ruurd, Jelle Jan, Jelmer en Joost. Dizze Joost Verheus wennet yn Kubaard en hy is spits. Net samar ien, mar ien dy’t altiten foar syn eigen kansen giet. Ferline wike wûn syn ploech mei 4-3, troch 4 doelpunten fan Joost en sneon wûn de ploech fan Klaas Visser en Johan de Graaf mei 9-1. Marco skoorde 1 kear en de oare 8 waarden makke troch …. Joost.

 

Skytpapier

Ates Feikes de Boer,fuotballer by Nijlân en wenjend yn Wommels wist dizze wike yn in iepen skriuwen op de thússide fan SDS krekt oan te jaan wêr’t  neffens him de swakke plakken fan SDS wiene. Ien fan de mindere punten soe grinsrjochter Daan Boersma wêze. In wierskynlik te heech alkoholpromillaazje, jout Ates Feikes oan.

Ôfrûne sneon kamen beide hearen elkoar tsjin yn de supermerk. Wylst de beide mannen efkes oan it lekskoaien wiene, pakte de dochter fan Ates Feikes in grut pak húskepapier en woe dat yn de karre smite. “Ho, ho”, seit de oplettende heit Ates, “moai werom lizze.”

Seit Daan: “Net werom lizze, helje noch mar in pak op, want dat sil jim heit fan é wike wol nedich hawwe.”

Alwer fergetten(diel 100)
Juster wie it wer sa fier. Ien fan de famylje Dijkstra gie te fuotbaljen en hie wer fan alles fergetten. Dit kear wie it Jelte Pieter(die hienen wy noch net hân). Hy hie de fuotbalskuon ferjitten om yn de tas te dwaan. Hy siet dus op de bank en hy hie syn mem Mattie belle om de skuon te bringen. It ferhaal giet no dat Mattie SDS freegje wol om in reiskostefergoeding. Foarige wike nei Balk om in tas te bringen en no wer nei Makkum om skuon te bringen. Sneons rêstich nei de stêd sit der net mear yn.

Ferslach SDS C1
Eltse sneon krije wie ien ferslach al hiel gau binnen. It is dat fan SDS C1. De wedstriid is dien en Klaas Pompstra giet fuort nei hûs om in ferslach te skriuwen. Hoe ’t it SDS C1 juster fergien is kinne jimme
hjir lêze.

 

Beton

SDS 2 wûn sneon mei 3-0, ûndermear troch in skitterjende kopbal fan Jeroen Brouwer. Grutsk seach heit Anne om him hinne en koe it net litte om te sizzen dat er dat koppen mooglik fan him hie. Seit Popko, de heit fan de oare doelpuntenmakker: “Moai dat er beton ynsit”

 

Bunnikside

It wie sneon drok op de Skoalleseize. In protte gasten út Damwâlde en omkriten mar ek út ús eigen omjouwing. De Bunnik side, it meast krityske publyk fan SDS, wie suver te lyts want elkenien wie der. Der miste mar ien: Gerrit Hulzinga. De earste helte wie al in moai ein hinne en dêr kaam er oan. Fluch skeat hy by elkenien lâns, sûnder him oan de praat hâlde te litten , wat op sich al in hiel bysûndere prestaasje is fan Gerrit. Hy wist de Bunnikside noch efkes op te monterjen, want se sieten der oer yn at er wol skoord wurde soe. Gerrit stie noch mar krekt te plak en dêr skoorde Hindrik de Jong. Mooglik dat Gerrit folgende kear efkes earder komme kin.

 

Doelpunten

Hendrik de Jong, Willem Wijnia en Gerard Posthumus wisten allegear 2 kear te skoaren. Foar Hindrik betsjut dat hy no echt de koprinner is. Foar de komplete list sjoch by senioaren.

 

Noch folle mear nijs
Wy hawwe noch mear nijtsjes, mar miskien hawwe jim dy ek wol. Mail it ús
info@vv-sds.nl