In moaie sneon

Utslaggen 2 oktober 2004
2 oktober 2004
Wepperkes -sneintemiddei-
3 oktober 2004

Der binne fan dy sneonen, wêrop je mei wille werom sjogge. SDS 1, wêr’t fansels alle oandacht nei útgiet, krige de Broekster Boys op besite. De Boys wiene ferline jier noch 1ste klassers, wylst SDS de tredde klasse teisterde. Mei in protte publyk oan de kant waard it in goeie wedstriid wêryn SDS in goeie partij fuotballe. Efter stie it as hûs, it middenfjild wie better en de spitsen wiene super. Hendrik de Jong en Robert Sijbesma skoorden. Mei it each opo nije wike: Net allinne Nijlân mar ek SDS is der klear foar.

Foardat SDS 1 de greide ynfleach, wiene de SDS2 spilers yn in striid ferwikkele mei Noordscheschut. It waard in prima oerwinning fan de ploech fan Klaas Okkema. Willem Wijnia wie mei twa treffers doeltreffend en Jeroen Brouwer skoorde in prachtich doelpunt. Je seagen iets fan Anne werom.

SDS 3 moast nei Ljouwert om de Sweltsjes 7 te bestriden. Fan Jan Stenekes krigen wy nei ôfrin fuort in sms-ke:

Hoi Aant, Wij hebben er weer een mooie middag van gemaakt. Vijf één gewonnen. Jentsjes, Gerlof, Dennis, Gerrit H. 4-1.  5-1 hampie (geluk)

SDS5 moast dizze middei ûnder melkerstiid nei Boalsert : Fan Bas van der Wey in sms-ke:

Hoi Aant. Alwer wûn! 0-1 Bas de Haan. Rust 1-1.1-2 en 1-3 Gerard Posthumus.

De SDS 4 spilers hoechden net nei Makkum en hawwe dus noch altiten net ferlern.

It bestjoer fynt it geweldich dat Willem en Aant dizze side byhâlde en sy krigen in blomke nei ôfrin fan de wedstriid SDS- BroeksterBoys, wêrfoar ús tank. At je dan ek noch mei de bingo karbonades winne dan kin de sneon en dus de snein net mear stikken.

Snein kinne jim wepperkes ferwachtsje oer Joost Verheus, oer Lolke Bouma, oer Daan Boersma en fansels de famylje Dijkstra(Mattie wer!). Fierders ferwachtsje wy ferslaggen fan SDS 1, SDS2, SDS 3 en SDS C1 en fansels is de topskoorderslist ek bywurke.