Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
11 maart 2006
Wepperkes -moandei-
12 maart 2006

F5 wint yn earste wedstryd
It wie yn harren earste wedstryd echt op de tosken biten foar de jongste fuotballers fan SDS. In izige kjeld mei sniebuien soarge der foar dat lange broeken, wanten en mútsen it gesicht bepaalden. Foaral de goed opkommen heiten, memmen en pakes en beppes hiene it kâld. Mar sy wiene dan ek net yn beweging.

Foar mear aksje foto’s sjoch hjir en foar de alvetalfoto sjoch hjir

Kâldklomje
Foar de keepers wie it kâldklommerij juster. Bij E4 koe de keeper nei it skoft net fierder sa kâld wie der.
Bij F2 stie Jorrit Veldman op it doel. Hij hie gelokkich wol wat te dwaan. Syn ploech ferlear mei 3-5 fan YVC.

Foar mear foto’s fan F2 sjoch
hjir.

Net super
De rissultaten fan de SDS-teams wienen juster net om nei hús ta te skriuwen. SDS 3, E2 en F5 wûnen as ienigen.

Hús te keap
Evert Tanja, de fêste skiedsrjochter fan SDS 5 wennet no yn Easterein mar hij ferhuzet nei Wommels, wat wij fansels hiel goed begripe kinne. Hij moat syn eigen hûs noch kwyt en frege him ôf at hij de goeie priis wol yn de holle hat. Tidens de wedstryd SDS 5 tsjin Bolswardia 4 oerlei hij mei sommige spilers. At se troch dat geeamel ferlern hawwe mei 0-3 is noch net dúdlik.

Nei Schiphol
De hearen Hoekstra, Hoekstra, Jelsma en Okkema sille woansdei nei Liverpool ta. It fleantúch flucht fanôf Schiphol. It fleantúch is reserveart mar it ferfoer nei Amsterdam is noch in probleem. Sy hawwe allinne noch net in sjaffeur en in geskikte auto. Wa kin harren temjitte komme? Mail nei info@vv-sds.nl!

Nei Aaipop!
De wedstryd fan Liverpool tsjin Fulham is fansels fersetten nei 15 maart om ’t Jan Simon, Robert, Marco en Durk dan peaskemoandei moai nei Aaipop kinne. Dat komt moai út no ’t der spesjaal foar harren dit jier in Sûp- en Swetshok ynrjochten is. Sjoch hjir foar it fierdere programma (klik hjir)!

Op Eurosport
Fanút it winterske Mantgoem krigen wij in opmerklike foto. Se sieten dêr te sjen nei in winterse reportaazje fanút Oslo en seagen dêr……

Alde lullen
Sjogge jim fannemiddei net folle âld lullen op de dyk rinnen mei de frou dan komt dat omdat se fuotbalje yn de sporthal yn Easterein.

Oflast
Op C1 rêst dit jier in flok, wat trochgean oanbelanget. Klaas Pompstra jout ús berjocht:
De wedstriid Rood Geel C2 – SDS C1 is ôflast.
Dat is de ACHTSTE kear dat in wedstriid fan C1 ôflast is.

Hawwe jim noch nijs, mail it dan nei info@vv-sds.nl!