Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
17 december 2005
Wepperkes -moandei-
19 december 2005

Bekerje
De 35+ers fan SDS meie yn jannewaris harren ôflaste bekerwedstryd tsjin Anjum spylje. Om presys te wêzen op sneon de 28e. Thús wol te ferstean.

Hurd
In bytsje stevich deryn kletse dêr hâlde wy wol fan by SDS. Dit is allinne net de bedoeling(klik hjir).

De tillefoanketen rint
C1 moast justermoarn betiid fuotbalje yn Harns. Mar it koe fansels net troch gean. Dus mar wer mei in tillefoanketen besykje elkenien ôf te sizzen. Hoe’t dat gien is, kinne jim
hjir lêze.

Fraach fan juster
Op 13 juni 1981 spile sc Heerenveen tsjin de Graafschap: De folgende 18 spilers sieten yn de seleksje foar dy wedstryd:
Hiddo, Ulbe, Rinie, Piet, Joop, Jos, Eddy, Bert, Boy, Bert, Reinder, Jan, Dirk, Jaap, Gerard, Rene, Klaas en Sjoerd.
Mar wat binne de efternammen fan dizze spilers.

Wij hawwe ûnderwilens al ien antwurd binnen krigen fan iimmen dy’t doe 5 jier wie. En hij hat er al 8 goed.
Witte jim it antwurd? Mail it nei
info@vv-sds.nl!

Keatse (1)
De Eastereinder keatsklup hat hjoed in wedstryd yn de hal. It begjin dêr om 13.00 oere. De kantine is wierskynlik ek iepen.

Keatse (2)
De KNKB hat de seleksjes foar de sintrale trainingen bekind makke. Wêr hiel wat “SDS-ers”dogge dêr oan mei. Sjoch
hjir.

Keane
Roy Keane is in fuotballer, dy’t wij der graach bij ha woene bij SDS. Net allinne om syn fuotbaljende kwaliteiten mar ek omdat er altyd wol wat te rêden is mei him en dus ek altyd wol wat te skriuwen. De lêzers fan VI mochten harren útlibje mei de
fotosoep.

Jierdeis
De ôfrûne dagen binne der ek wer guon jierdei west. En de kommende dagen binne der guon jierdei.
 

B1 Thijs Jaarsma 15-dec-90
D2 Klaas Bouke Faber           15-dec-93
E2 Bert Couperus 17-dec-94
A1 Jehannes Abma 21-dec-87
D3 Gerrit Tessemaker 21-dec-94
E4 Douwe Kooistra 23-dec-96
1e Henk Postma 24-dec-83

Hawwe jim noch nijs? Mail it nei info@vv-sds.nl!