Evenementen in december 2022

Oflast
17 december 2005
Wepperkes -snein-
18 december 2005

It fuotbal is ôflast
Wij hawwe de sneon trochbrocht mei in orientaasje op wat oare sporten.

Folleybalje
Wij sille efkes sjen bij it folleybaljen yn de sporthal. Om 17.00 oere sille de hearen fan SDS 1 ek wol op de tribune sitte bij CoVOS froulju 1 yn de sporthal yn Easterein. Sy sille wierskynlik efkes de taktyk besjen om op 15 jannewaris de striid goed oan te kinnen.

Efkes bowle
Wij binne hjoed ek al efkes te bowlen west. Dat it noch net sa makilk is, kinne jim
hjir sjen.

Golfe
Nei ús mislearre optreden op de bowlingbaan, hawwe wij keazen foar in maklike sport. Wij begripe net dat it sa’n drege klus is om dy bal yn it
gatsje te krijen.

Hurdfytse
Nei it sukses op de golfbaan noch mar efkes in echt sport dien: hurdfytse. En net sûnder sukses. In moai twadde plakje en der hie
mear ynsitten.

Keatse
Wommelsers en Lollumers (en ek oaren dy’t lid binne fan dy klups dêr) kinne dit jier noch ien kear keatse. Nije wike sneon yn de sporthal yn Easterein. In kweaslach is dêr noch gewoan 2 punten en men mei elke bal noch boppeslaan.

In fraachje
Op 13 juni 1981 spile sc Heerenveen tsjin de Graafschap: De folgende 18 spilers sieten yn de seleksje foar dy wedstryd:
Hiddo, Ulbe, Rinie, Piet, Joop, Jos, Eddy, Bert, Boy, Bert, Reinder, Jan, Dirk, Jaap, Gerard, Rene, Klaas en Sjoerd.
Mar wat binne de efternammen fan dizze spilers.

Witte jim it antwurd? Mail it nei info@vv-sds.nl!