Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
18 december 2005
Winterstop-programma SDS 1
19 december 2005

Programma winterstop
Ek SDS 1 hat gjin lange winterstop. Dizze wike traine sy noch en yn de tredde wike fan jannewaris geane sy alwer los mei ’t trainen. Letter hjoed kinne jim hjir it hiele winterstop-programma besjen fan SDS 1.

Ûnderskatting??
Sneon wûnen de froulju fan COVOS mei gemak fan de Turfstekers út Drachten. Sy lykje dan ek al gau yn foarm foar de topper op 15 jannewaris tsjin de mannen fan SDS 1. Fan de A-seleksje wie allinne Jan-Simon Jelsma der te skouten. Wurde de froulju ûnderskatten of wie de rest fan de A-seleksje mei Marcel Frankena te follybaltrainen yn de Cambuurhal??

Futsal
Dizze wike is der mar ien wedstriid wêr ’t in team fan SDS by belutsen is. Nei 2 wiken “stil” stien te hawwen meie de sealfuotballers fan SDS 1 woansdeitejûn wer los. Sy spylje om 20.30 oere thús tsjin de Golden Oldies. SDS 1 kin de punten wol brûke dus kom allegear om harren te steunen!

George Best

Noch ien kear wolle wy jim sjen litte hoe goed as George Best fuotbalje koe. Klik hjir om dit geweldich stikje film fan sa ’n 4 minuten te besjen.

Út Spannum
Wy krigen hjoed in opmerklik berjocht út Spannum. Ús pleatselike reporter die ’t berjocht dat hy de folgende advertinsje lêzen hie yn it Spannumer Sufferdsje:


Letter hjoed mear!