Wepperkes -sneon-

útslaggen 3-12
2 december 2005
Wepperkes -snein-
4 december 2005

SDS 1 – Staphorst 1    0-0
Dat in 0-0 net altyd saai is, die ek no wer bliken. It wie in spannende wedstryd wêryn bliken die dat SDS goed meikaam tsjin dizze subtopper. De ploegen wiene oan elkoar weage. 10 minuten foar de ein waard in doelpunt fan SDS ten ûnrjochte ôfkard omdat de grinsrjochter oanjoech dat de bal efter west hie, wat perfoarst net sa wie. Ek in strafskop waard net takend.
Marten Faber keepte bearesterk.
Trainer Marcel Frankena joech foar de radio oan dat hij teloarsteld wie omdat grinsrjochter en skiedsrochter dochs wol bepalend wie foar de twa boppesteande mominten. De 4-3-3 opstelling foel prima út en SDS pakt nei de winterstop noch hiel wat punten.
Marcel joech foar de radio yn in judoterm oan hoe’t Hendrik ûnderút helle waard. Miskien dat er ús dat noch krekt oanjaan kin hokker greep dat wie.

SDS 2 – Olympia 2   1-0
Ek in spannende wedstryd, dy’t wol goed útfoel foar SDS. In lange foarset fan Jeroen Brouwer waard troch Willem Wijnia yn it doel wurke.

Gorredyk A 1- SDS A1   1-1
In doelpunt fan Feiko Broersma

LSC  A 2 – SDS A2  5-1
Doelpunt fan Thijs Jaarsma

Sterk Door Samenspel

Klaas Pompstra die ús in foarbyld takommen fan in sterk stikje SDS. Lês hoe’t de lieder fan A2,B1 en C1 elkoar “lêstichfalle”

In “meifaller”yn djoere tiden
At it goed gien is binne de leden fan SDS dizze wike troch de KNVB ferrast mei de Nasjonale sportpas. “Flinke koartingen” binne der oeral te krijen. Je moatte je earst wol oanmelde op ynternet bij www.nationalesportpas.nl om profiteare te kinnen fan de koartingen

Yn goed oerlis!!!
Erik Schuitemaker, earder fan Wommels, is net mear trainer fan WPB. “Yn goed oerlis” binne se útelkoar gien. It hie fuort al resultaat: Koprinner Zeerobben waard ferslein.

Hawwe jim noch nijs? Mail it nei info@vv-sds.nl!