Wepperkes -snein-

SDS 2 wepperkes
29 januari 2005
Ferslagen SDS 1 – Trynwâldster Boys
31 januari 2005

Wyldplasse?
It wykein Zandvoort hat net folle bysûnde ferhalen oplevere. It wykein hie mar in bytsje sin hân. Anne en Jacob-Klaas hawwe it wykein al wat leard. Sy meie net oerâl wyldplasse. Dit koste hun sa ’n 50 euro de man.
Dizze is mei 50 euro net klear………

Kenniskwis(1)
Yn de Kenniskwis begjin jannewaris wie in fraach oer hoe as it stadion fan Hamburger SV hiet. Fansels is dit it Volksparkstadion. Dat wit dochs eltsenien. Hjir waard ommers Dútslân-Nederlâan spile op it EK fan 1988. Doe hite it noch ynderdaad it Volksparkstadion. Wy binne der krekt efter kommen dat it no A.O.L. Arena hyt.

Kenniskwis(2)
Yn jannewaris hienen wy ek in praatsje oer it stadion Hillsborough. It stadion wêr as jierren ferlyn in grutte ramp wie. Wy mienden doe dat sawol Sheffield Wednesday as Sheffield United hun thúswedstriden yn dit stadion spilen. Yn Ingelân is dit fansels ‘not done’. Sheffield Wednesday spilet yn it Hillsborough Stadium en Sheffield United yn Bramall Lane.

Foto’s klear

Alle foto’s fan Dirk-Yde yn Londen stean no op www.dophok.tk (klik hjir)

Nochris SDS 2 – QVC 2
EJBruinsma hat sneontemiddei ek wat foto’s makke. Sjoch hjir foar in spannende
spulsitewaasje
Ek hat hy in aardige foto makke fan de favoryt fan it publyk.

Ferkearde soan mei…
Eefkes foar njoggenen komt Frank Turksma mei soan Idsert yn fuotbalklean de sporthal ynstappen. Beiden de sliep krekt út sa te sjen oan de lytse eagjes.

Frank komt al hiel gau ta de konkluzje dat Idsert (F-pupil) nije wike yn aksje komme moat en dat it hjoed de beurt is oan soan Allert (E-pupil).
“Kom mei Idsert”, seit Frank, “ik haw my fersind, ik bring dy wer op bêd en helje Allert der ôf”  
Idsert: “mar Allert is siik heit”……
De fertwyfeling slacht ta by Frank, mar tsien minuten letter komt der dochs mei Allert oansetten.
Sa sjogge jo mar wer dat mei in grut gesin, in drokke baan en in protte oare bezichheden it hjoed de dei net meifalt om alles noch by en út elkoar te hâlden. (mei tank oan MW)
 
SDS 1
SDS 1 hat sneontemiddei oefene tsjin Trynwâldsterboys. De Eastereinders hawwe in ………. wedstriid spile. By rêst stie it …….. troch doelpunten fan…………..
Nei de thee waard it allegear …………. en skoorde…….. noch ….. kear.
De einstân wie 4-2. Utblinker wie………..
Trainer Lyckle Bleekveld wie ……………
Dirk-Yde, Henk en Feite foelen blesseard út. Hjirtroch moast sels Harm-Auke Dijkstra(dy ’t mei wie as flagger) noch in heal oere meidwaan.
(ful de ûntbrekkende wurden yn en mail dit nei info@vv-sds.nl )