SDS 2 wepperkes

Mear foto’s spulregeljûn
29 januari 2005
Wepperkes -snein-
29 januari 2005

De wedstriid
It wie drok op de Skoalleseize. Tal fan fuotballeafhawwers woene der wol wer ris efkes út. Undanks de izige kjeld woene se graach  by SDS 2 sjen. Fraach wie at se de lêste 16 helje koene ten koste fan de Quick Valken Combinatie út Starum.
It wie gelyk al dúdlik dat je by dizze wedstriid net te let komme koene en net earder nei de kantine ôfreizgje koene , want dan hie it kâns dat je fan de 4-1 skore by rêst bygelyks mar ien of twa doelpunten sjoen hiene.

Pieter Kamstra skoorde 1-0 nei 4 minuten. QVC kaam noch wol op gelykense hichte mar doe’t SDS efkes oansette waard it al wer troch Pieter 2-1.

Krekt foar it skoft wisten Tsjeard en Stefan ek noch te skoren. Yn it skoft koene wy efkes opwaarmje en tagelyk Geert Hiemstra en in hiele protte oaren fertelle wa’t dy lêste twa doelpunten makke hiene, want sy koene de kjeld net langer trotseare en hiene mar gau de kantine opsocht.
Nei de thee sette SDS troch en troch doelpunten fan Ruurd, Ruurd, Tsjeard, Jeroen en Tsjeard kaam de 9-1 op it boerd.

Wynmolens
It útsjoch by it fuotbalfjild is gâns oars wurden. Twa wynmolens siere de direkte omjouwing fan it sportpark op. It wie dan ek it petear lâns de line: hús minder wurdich (Geart Couperus) slachskaad (Jan de Jong) horisonfersmoarging (Geert Hiemstra) en opbringsten( de rest). De Wommelsers hearden it allegear oan, reagearden net want sy hawwe dit allegear al sa faak mei makke.

Henny Meijer (1)
By QVC stie in loek uh like fan Henny Meijer yn de spits. Net allinne om de kleur opfallend mar mear om de breedte. De fergeliking gie al gau nei de feteranen fan SDS. Fraach wie dan ek at er wol immen fan dy ploech de selde omfang hie. Seker wie wol dat nimmen it selde hurde skot hat: In geweldige pegel fan him spatte op de latte útelkoar. De latte wurdt no ûndersocht op skea.

Henny Meijer (2)
Doe’t de krekt neamde swiergewicht Henny Meijer by in aksje oer de grûn glide wist Willem Tjalsma op te merken:
“Wat in spoaren, der kin mar better in auto op it fjild om ride”

Lêste 16
SDS 2 hat troch dizze oerwinning de lêste 16 helle fan it bekertoernooi yn it noorden. Prima resultaat, at je witte dat se dizze middei it sûnder echte spitsen dwaan moasten.

Geert
Te betiid nei de kantine en ek noch nei de fotograaf sjen wolle. Dan is it net raar dat je de helte fan de doelpunten net sjogge.