Wepperkes -snein-

Djoere en minder djoere wepperkes
12 december 2004
Wepperkes -moandei –
13 december 2004

Bult op ‘e ……
De Rotterdammer fan SDS 2, Stefan van Krimpen, kaam juster wat hurd yn oanrekking mei in spiler fan Genemuiden. Yn in kopduel kamen sy mei de koppen tsjinelkoar. Nei de wedstriid hie Stefan in flinke bult op syn holle. Mei pine yn ‘e harsens SMS’te hy syn freondinne; “2-1 ferlen en ik haf in grutte bult op e holle”. Syn freondinne SMS’te lyk werom;”Wat?? Een bult op je hol???”

It begjint beide mei in S
SDS C1 moast juster tsjin Skearnegoutum C1. By Skearnegoutum C1 is Richard de Jong(spiler WPB)trainer/lieder. Richard hat altiten wol wat in swak foar SDS hân ek omdat syn kollega Klaas Okkema dêr trainer is. Hy ferspruts him dan ek efkes yn de earste helte.

De bal wurd troch SDS ôfpakt fan Skearnegoutum.
Richard: “Kom op nou SDS, wees der by, deursette!,….eh ik bedoel Skarnegoutum…..”.
Klaas Pompstra: “Wer it hert fol fan is Richard?”.
Richard: “Neuh…mar it beingt beide met in ‘S’!
Richard hie de ploech fan Skearnegoutum goed oan it fuotbaljen en syn taktyk slagge knap neffens Klaas Pompstra(leider SDS C1). Skearnegoutum wûn dan ek mei 3-1. Klik hjir foar it ferslach fan Klaas Pompstra.


SDS 2 ferliest fan Genemuiden
SDS 2 ferlear juster thús mei 2-1 fan SC Genemuiden. Mei de rêst lied SDS 2 noch mei 1-0. Wêr as it misgie kinne jimme lêze yn it
folgende ferslach.

Gearard skoort al wer
By senioren kinne jim de bywurke topskoorderslist besjen. Gearard Posthumus skoorde wer twa kear by SDS 5 en liket de winterstop yn te gean as topskoorder. Wy ferwachtsje it ferslach fan SDS 5 noch wol om te sjen hoe’t hy dit no wer krekt dien hat.
 
Ferslach fan SDS4
No’t de fêste skriuwer fan SDS 4 der sneon net by by wie, hope wy al dat er in ferslach komt fan de 1-1 tsjin Lions.
 
Ferslach SDS 1- it Fean 1
Op
voetbalnoord.nl steane twa ferslaggen fan de wedstriid SDS1 -it Fean. De yndruk dat it Fean foar ien puntsje kaam wurdt aardich befestige yn it ferslach.
 
Noch mear?
Hawwe jimme noch wat (bygelyks de útslach fan StiensA1-SDS A1) mail it dan efkes nei
info@vv-sds.nl.