Djoere en minder djoere wepperkes

SDS1 wint !!
11 december 2004
Wepperkes -snein-
12 december 2004

Djoer ferlies
B1 is dit jier dwaande yn in stevige striid mei jv Bolsward. Beide hiene gjin punten ferlern. Sneon spile SDS B1 gelyk yn Snits tsjin Sneek B1. Mei 2-2 krige de ploech temin, want at se alle kânsen benut hiene, dan hie der neat oan de hân west.

Jelmer Posthumus en Paul de Boer skoorden wol.

 

Djoer útsje
Hendrik Okkema, Siep Boonstra, Eddy de Boer en Tjeerd Dijkstra binne troue Ajax fans. By de Europeeske wedstriden binne se der altiten by. Se parkeare by de Arena, pakke dan de tram nei de stêd, slaan in oantal Amsterdammers efteroer en geane werom nei de Arena, sjogge nei de wedstriid, geane op tiid te pisjen en sette moai op tiid wer nei hûs werom.

Tjeerd hie al in pear kear tsjin syn sweager Ype sein, dat de tramreis it goedkeapst wie, want je moasten net miene dat se dêr foar betellen, want dat die dochs nimmen yn Amsterdam.

Ofrûne woansdei koe Tjeerd net mei (wierskynlik in keatsgearkomst) en naam Ype syn plak yn. Ype hie goed harke nei syn swaeger en wie mar wat grutsk dat ek hy letter fertelle koe dat de trams yn Amsterdam fergees wiene. Helaas trof Ype it net. In grutte kaartkontrole soarge der foar dat Ype mei 30 euro boete in djoere tramreis hie.

Dat hy letter op de jûn net oppakt waard foar wyldpisjen, hie hy oan Hendrik Okkema te tankjen. Dy skuorde him gau in stege yn.

 

Net djoer hout

Ien fan de hjirboppe neamde hearen hat de kop der altiten goed by. (de oaren ek wol hear). Op de weromreis by in tankstasjon by Purmerend nachts om 1 oere seach hy dat it iepen hurd hout net djoer wie. Mei in grutte sek fol hout kaam Siep Boonstra wer yn Wommels oan.

 

 

In djoer dekbêd
Op Marktplaats.nl kinne je fan alles ferkeapje of keapje. Soms wurde der aardige dingen oanbean. Sa wie in Ljouwerter op syk nei in orizjinele Herman Brood. Doe’t er einliks ien op stie wist hy troch middel fan bieden de grutske eigner te wurden. Neidat de keap plakfûn hie, beseach hy it skilderij noch in kear goed. Grut wie de ferbjustering doe’t hy seach dat it net in skilderij wie, mar in stik fan in HermanBrood dekbêd dat strak yn in list set wie.

De Ljouwerter dy’t 4 jier lang ek faak yn Easterein te sjen wie, fielde him aardich bekocht

.

Net in djoer resept
Op de webside fan Sabetocht kinne jimme wer in nij resept fine fan Kees Kulinair. Yn syn rúbryk Kees en cooking kiest hy dit kear foar in goedkeap miel. De Haitsma’s binne der wyld fan. Miskien in idee foar it krystmiel? Sjoch gau op www.sabetocht.nl.