Wepperkes -snein-

Wintertiidwepperkes
30 oktober 2004
Wepperkes -moandei-
1 november 2004

Wat is der mei Evert?

Sneon 30 oktober  moast SDS 5 fuotbalje tsjin Top. It publyk dat stie te sjen frege him ôf wat er no krekt mei Evert wie. Der wie wat oars as oars. Nei de kapper west? Nee, alteast it wie net te sjen. De snor der ôf? Nee, hy hie gjin snor. In rare broek oan? Ja, it like mear in fakânsjebroek as in SDS sportbroek. Nije sokken oan? Ja , dat soe best kinne mar it wiene gjin SDS sokken.

Nei ôfrin mar ris freegje werom Tanja syn eigen kleanline hat.

“De kat hie yn en op de tas skiten en miicht. Dus moast Evert syn kast troch om te sjen at er klean wie dy’t er wat op like. Nee, dus.


Sjoch
hjir hoe de rest fan de ploech klaaid wie.

SDS 4 ferliest

Grut nijs út it SDS 4 kamp. Nei mear as in jier úteinlik dochs in kear ferlern yn de kompetysje. Cab hie in beweechlike jonge ploech en sette SDS yn de earste helte aardich ûnder druk. De 1-0 wie in logysk ferfolch. Dat it krekt foar de thee 1-1 waard wie in moaie opstekker. Ek in moai doelpunt wie it: Sipke lei de frije traap op de kop fan Folkert Rients, dy’t hast yn syn eigen eftertún fuotballe. Nei de thee sette SDS wol efkes oan en Cab moast werom mar twa kear wat knullich ferdigenjen levere in 3-1 foarsprong op foar de Boalserters. Op Karakter kaam SDS werom. Earst mocht Ype T. In strafskop ynsjitte, nei in handsbal en noch gjin 5 minuten letter sette Jacob Sjirk Joustra geweldich foar op Ype T , dy’t prima ynskeat. Mei noch goed 8 minuten te gean hie de doar op slot moatten. Dat slagge net. Cab skoorde krekt foar tiid 4-3.

SDS 2 wint alwer
SDS 2 wûn sneon mei 3-1 út by Zeerobben en is helle út de lêste 4 wedstriden 10 punten. Dat is net gek foar it earste jier dat sy yn ‘e Reserve 1e Klasse fuotbalje. Dat wie dan ek hielendal net ferwachte. Stefan van Krimpen hat in ferslach makke fan ‘e wedstriid fan ôfrûne sneon. Klik
hjir om it te lêzen.

Nei Droegeham?
SDS 2 spilet yn ‘e folgende ronde foar de beker tsjin Droegeham 2. Dizze ploech stiet 7e yn ‘e Reserve 4e Klasse. De bekerwedstriid wurdt sneon 27 novimber spile yn Droegeham. Dy Clubvinderkaart sil no seker fan pas komme.

Samar in foto

SDS C1 spile sneon tsjin LSC C2. It waard in 1-1 gelykspul. Trainer Tamme de Boer seach it allegear oan. Sjoch hjir foar it wedstriidferslach.

 

De Treffer
At jim noch nijs hiene foar de kommende Treffer dan wurdt dat neat mear. Snein is de CD mei alles derop nei Hanzedruk gien. Wy ferwachtsje him freed werom yn boekjes foarm. In nijsgjirrige Treffer mei it himd fan Wiepkje, it interfjoe mei Lyckle, it ôfskie fan Hinke en jeugdnijs oer trainingen.

Hoefolle??
De webside fan SDS is noch nea earder sa goed besocht as de ôfrûne moane. De side waard 10.443(!?) kear besocht. En dat yn de wike foar alwer ús 2-jierrich bestean.