Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
31 oktober 2004
SDS League: Pieter Kamstra bliuwt koprinner.
2 november 2004

SDS 1 lit perioadetitel fleane
SDS 1 ferlear sneon mei 1-0 fan leechfleaner Blauw-Wit ’34. Hjirmei lieten sy ek de 1e perioade oan hun noas foarby gean. Jimme kinne hjir klikke foar it ferslach fan de wedstriid fan Wichard Deinum.

Futsal: Gert-Jan makket syn rentree
SDS 1 spilet woansdeitejûn yn Ljouwert om 19.00 oere tsjin Futsal Club Leeuwarden. By SDS dogge Robert Sybesma(skorst) en Harm Stremler(lêst fan ‘e rêch) net mei. Willem Wijnia is noch in twifelgefal(frou kint swierrichheden). Willem Overal is alwer mei as leider. Heechstwierskynlik makket Gert-Jan Hiemstra woansdei syn rentree yn ‘e seal. Nei syn blessure sil dit wer foar it earst wêze. Neffens ús gegevens is it hast 3 jier lyn dat hy foar it lêst yn ‘e seal bolle hat. Feite de Haan docht woansdei ek wer mei.

Programma Futsal
SDS 2 spilet woansdeitejûn om 21.00 oere thús tsjin Renado 1. SDS 3 spilet woansdeitejûn út tsjin Lemsterland 3.

It lêste bierke
Mochten je kommende tongersdeitejûn yn ‘e kantine, nei de kenniskwis, it lêste fleske bier út de koelkast pakke wês dan foarsichtich. It kin ien wêze sûnder alkohol en dat kin raar ôfrinne, Sjoch hjir mar.

SDS League
Moarn kinne jimme hjir wer de nije stân fan de SDS League besjen.

Statistiken SDS 3
SDS3 hat sunt 25 Oktober 2003 net mear ferlern. Tsjinstanner op de Skoalleseize wie doe WWS 2. Dernei ha we yn de kompetysje 16 kear wun en 4 kear lyk spile.We ha 1 oefenwedstriid hant, die waard ek wun.
It wachtsjen is no op in ploeg dy’t gewoan better is of op in strieminne dei. Wat us betreft duorret dit wachtsjen oant we allegearre in uns weachje!
Groetnis, SDS3

Sealtraine
De D oant en mei F pupillen traine fanôf dizze wike yn de seal. Alle spilers binne dêr fan op de hichte brocht. Yn de kommende Treffer stiet in folsleine skema.

Me Tarzan!
Mocht SDS 1 no foar it folgend seizoen nei de Ardennen gean yn trainingskamp dan moatte der gjin spilers wêze dy ’t tinke dat sy Tarzan binne. Dit kin rare blessures opleverje. Sjoch hjir mar.

Koos Plantinga
Koos Plantinga hat nei 5 jier it jeugdbestjoer fan SDS ferlitten. Fanôf jannewaris lykwols makket hy diel út fan de technyske kommisje fan SDS

Kenniskwis
Kommende tongersdei binne jim wolkom yn de kantine fan de Skoalleseize. Fred (foaral hy) en Aant sille dan in oantal kandidaten ûnderfreegje.

Wêr binne se bleaun?
Soms komme je foto’s tsjin  yn it archyf fan aktive eks-SDS-ers. Yn de rubryk “wêr binne se bleaun” pleatse wy de foto fan Jan Keuning. Op de foto sjogge jim Jan yn syn troupak en wy mienden oan de sjaal te sjen dat hy mei SDS troud wie. It docht bliken dat it net sa, want wy sjogge Jan nea mear. Hoe giet it mei Jan?