Wintertiidwepperkes

Utslaggen 30-10
30 oktober 2004
Wepperkes -snein-
31 oktober 2004

Ferrassingen
In sneon mei ferrassingen, sa kinne je 30 oktober wol omskriuwe. Want SDS 1 lit it raar sitte yn Ljouwert tsjin Blauw Wit en omdat WPB ek gjin helpende hân útstuts, giet de perioadetitel nei it Fean.

Ek SDS 4 liet it raar sitte. Mear as in jier lyn wie dat se echt ferlern hiene en yn Boalsert gyngen se tsjin Cab 1 mei 4-3 ûnderút.
Dat SDS 2 en 3 en 5 wûn hawwe mei al gjin feraasinge mear neamd wurde.
Ferrassend goed wie wol wer it optrden fan A , sy wûnen al wer en sykje aardich oansluting mei de middenmoat.

Doelpunten
Hendrik de Jong stie al wiken boppeoan, mar moast op dizze sneon Ype Tiemersma foarby gean litte. Ype hat no 8 kear skoord. Opfallend wie de hattrick fan Harm Auke Dijkstra en it feit dat beide Stenekussen in kear skoorden. De kmpletlist stiet by senioren.

Bekernijs
Fan’moarn waard oan de B-1 spilers ferteld wat de folgende tsjinstanner waard yn it bekertoernooi. Ens, wisten lieder Tjeerd en Jaap te melden. De B-s woene yn it earste plak witte wêr’t it leit en hokker nivo dy jonges spylje. Nei ôfrin gyngen se dan gelyk efter ynternet om dat op te sykjen. Ens leit yn de polder en it is in twadde klasser. Op 27 novimber om 12.30 oere thús.

Bekernijs (2)
Ek SDS 2 sit noch yn ‘e beker. As it goed is dan is de ôfrûne wike de tsjinstanner bekent wurden. Mocht ien it witte mail it ús dan efkes op
info@vv-sds.nl.

Tillefoannûmers
It docht hieltiten mear bliken dat der in soad tillefoannûmers yn it bewarnûmer fan de Treffer net kloppe. Sa krije je b.f. âld-SDS trainer Cees Jansen oan de lijn as je de nije trainer fan SDS 1, Lyckle Bleekveld, hawwe moate. Sa blike der mear nûmers net te kloppen. As je de coach fan SDS 2, Klaas Okkema, oan de tillefoan hawwe wolle dan krije je Alie Okkema(fan Tsjerk) oan de tillefoan. No binne wy wol benijd as der noch mear flaters yn it bewarnûmer stean. Mocht ien nocht hawwe om alle tillefoannûmers ris te kontrolearen dan heare wy it graach per tillefoan. Ús nûmer stiet wol yn it bewarnûmer.

Ferslagen
Snein kinne jimme hjir hooplik wer ferskiedene ferslagen lêze fan de wedstriden fan sneon. Yn elts gefal is der in ferslach fan de wedstriid fan SDS 2 tsjin Zeerobben en in ferslach fan SDS C1 tsjin LSC C2. Hat in oar noch in ferslach mail dit dan efkes nei
info@vv-sds.nl. Wy binne ek tige benijd nei it ferslach fan SDS 1.

SDS 2 docht goeie saken
Op de webside fan VV De Weide 2(klik hjir) wurdt de topskoorderslist fan de Reserve 1e Klasse byhâlden en sy soargje ek dat de útslagen der gau op stean. Sa blykt SDS 2 nei de winst fan juster op it 3e(of sels 2e?) plak te kommen. Wolle jimme de útslagen sjen dan moatte je op de webside fan De Weide 2 efkes nei it gastenboek.