Wepperkes -sneontejûn-
16 oktober 2004Wepperkes -tiisdei-
19 oktober 2004Team fan ‘e wike?
Bij Heerenveense Boys hawwe sy eltse wike in “team van de week”. Jammer genôch foar Heerenveense Boys wie dat dizze wike hun 2e. Dy moasten bekerje tsjin SDS 2 en waarden mei 5-1 ôfdrûge yn Easterein. Op de webside fan Heerenveense Boys kinne je der mear oer lêze (klik hjir). Foar ús eigen ferslach wachtsje wy op Stefan van Krimpen dy ’t fêst noch hielendal yn ‘e soes is fan syn “uitmuntende invalbeurt”.
Belje
SDS3 giet dit jier foar it kampioenskip. Dat striele se allegear út. At er in sneon gjin fuotbal is dan roppe se om in oefenwedstriid. Dat is klasse. Harren lieder Wouter Hylkema mei ek wol graach fuotbalje dus regele hy op de frije sneon fan SDS 3 in tsjinstanner: SDS- A1.
“40 tillefoantsje”, sa sei Wouter, “haw ik der oan weage om 11 man yn de greide te krijen”. Dat falt ús wat ôf. Ek sneu foar Wouter dy’t dêrmei op kosten jaaid wurdt. Wy hawwe spesjaal foar him (en net foar oaren! ) in foardielige oanbieding om te beljen.
Hurd drave
Hendrik de Jong of Dennis Dijkstra: wy mienden dat dy allinne yn oanmerking komme kinne foar de titel sprintkanon fan SDS.
Mar earst waard Douwe Kool oanmelden troch SDS 3 en no komt Bote Strikwerda ek mei in namme: Jelte de Boer, fuotballer fan A1 skynt ek hiel snel te wêze.
SDS 4 moat moarn fuotbalje en sy sille sjen at se in kar meitsje kinne.
Dudlik is wol dat wa’t it net wurde: Jacob (dan binne sy him dêrnei wer 3 moanne kwyt) Eddy (fynt alles wat sneller giet as rinnen al sprinte), Stoffel (ûndanks dat hy tongersdei oefene op de starthâlding, is hurd drave neat foar him, Aant (de organisaasje wurdt eilaas útsletten) en Jaap Boekholt (echte line doelman dy’t by útrinnen meastal te let is).
Grutte kandidaat is: Bertus Bootsma.
Fan Sipke Hiemstra krigen wy ek noch in pear tipes binnen: Hy sjocht ek Jelte de Boer fan A- as in grutte kânshawwer. Ek Paul de Boer fan A-1 lit wol gauris ien syn hielen sjen, dus ek hy moat mei dwaan. Sipke giet foar 3 de Boeren en wol dochs Eddy ynsette fan SDS 4. Betingst is dan dat de finish yn of by de kantine is.
Sipke hat SDS 5 spyljen en trainen sjoen en hy stelt foar dat Pieter Groenveld SDS 5 fertsjintwurdicht.
Wy sykje noch efkes om in goed momint.
Wat’s in a name?
Wy binne bliid dat Dirk-Yde no dúdlikheid jout oer syn namme. Wy wolle graach de namme goed fermelde en hawwe soms twifels wat goed is.
By Dirk-Yde hiene wy dat al lang. Seagen wy syn namme op in keatslist stean doe wie it Dirk-Yde en fuotballe hy dan wie it Durk-Yde.
Mar net allinne D.Y.S. joech ús problemen. Want hoe sit it mei oare nammen.
Is it Gert-Jan of Gert Jan
Is it Tsjeard of Tjeerd
Is it Lyckle of Lykele
Bouke of Bauke
Pieter of Piter
Johannes of Jehannes
Hendrik of Hindrik
Noch ôfsjoen fan it feit hoe’t je it útsprekke moatte.
SDS 4 bang makke
SDS 4 moast sneon tsjin Makkum. De Makkumers hiene al fuotballe tsjin Blauw Wit, de oare koprinner yn dizze klasse. Sy hiene dik ferlern fan de Ljouwerters want wa spilet yn Blauw Wit 7: Lody Roembiak, eks spiler fan Cambuur. Sa sjogge je mar wer at je by Cambuur wei binne, komme je dochs noch goed te plak. Op 6 novimber komt hy hopenlik nei Easterein. Ype Burggraaff is der klear foar.
Earlik diele