Wepperkes -snein-

Programma SDS-sealtoernoai
29 december 2007
Âldjierswepperkes
30 december 2007

Lotsje
Sipke Hiemstra en Ate Feike de Boer hawwe in goeie foarútsjende blik. Sij foarseinen dat sc Hearrenfean oant 31 desimber noch 4 punten helje soene en dat se op plak 7 stean soene. Der sil op in goed momint lotte wurde foar de priis.

Ungemak
Bij in ûngeluk fannacht bij Tsjom is SDS A1 spiler Thomas van der Meer earnstich ferwûne rekke. Hij leit yn it sikenhûs yn Grins.

“SDS 3” wint sealtoernoai
Der dienen juster sa ’n 36 SDS’ers mei oan it sealtoernoai. Ferdield oer 6 ploegjes koenen de earste 2 ploegjes om 19.10 los. It toernoai waard úteinlik wûn troch “SDS 3”; Jelmer Posthumus, Pieter Kamstra, Sybren Wesselius, Ids de Boer, Remco Piek, Freek Tichelman en Robert Sybesma. Sy pakten 13 punten út 5 wedstriden.

Fan herte lokwinske!
Âld-SDS-trainer wurdt moarn 50 jier. Juster hie hy in grut feest yn Ljouwert. Dêr wienen fêst ferskeidene SDS’ers by oanwêzich. Alfêst fan herte lokwinske! Klik
hjir om him ek lok te winskjen.


Al wer in iepen brief
At it ien kear ferkeard giet mei de post dan bliuwt it ferkeard gean. Wij krigen al wer in iepen sollisitaasjebrief oan baas Riemer yn hannen. Sjoch
hjir.

Hân yn hân
Dirk Yde Sjaarda is yn in poerbeste stimming. Dat komt troch de omstannichheden dêr yn Australie. Mar it komt it ek fan de ranglist yn de earedefysje. Fan de weromstuit begjint er der al wer frysk fan te skriuwen. Sjoch
hjir

Albanie
“Ik denk dat ze geen tv hebben in Albanie….en ook geen internet, krant of telefoon.
Dat zou de keuze voor Haan kunnen verklaren”
(bron Knudde)

Derksen (7)
Wij komme no wat mear de echte Derksen tsjin yn de stikken.

(bron: digitaal archyf L.C.) 

“In ballon 3 kear hooghouwe”
Yn in team hawwe je ferskeiden fuotballers nedich. Mannen dy ’t wat kinne mei in bal, mar ek mannen dy ’t “in ballon noch niet 3 kear hooghouwe kinne”(sitaat Marcel Frankena). Hjir sa ’n ien(klik
hjir).