Âldjierswepperkes

Wepperkes -snein-
29 december 2007
Âlderlêste wepperke fan 2007!
31 december 2007

Net fit
Ien fan ús 2 wepmasters(net dy mei dat lange hier) is al wiken net fit. Hy knapt no hiel langsum wer wat op, mar it giet him eins net hurd genôch. Miskien helpt it as jim him in hert ûnder de rym stekke sadat ek hy 2008 wat sûn begjinne kin. Maile soe ‘k sizze(klik hjir).

Nije mid-mid
Sa krekt noch yn it âlde jier kinne wy melde dat SDS in nije mid-mid oanlutsen hat foar de takomst. It giet om Jorn Hiemstra. Hy waard fan ‘e wike berne. De trotse âlders binne Hester en Gert-Jan Hiemstra. Fan herte lokwinske!

SDS League
De earste helte fan de SDS-League sit derop. Wy hoopje fan ‘e wike de einstân opmeitsje te kinnen. It sil wol ein fan de wike wurde. Yn elts gefal sil de einstân mei de nijjiersresepsje yn de kantine hingje.

Futsalle
Fannemiddei om 14.00 oere is der wer efkes gelegenheid om tradisjoneel op âldjiersdei in baltsje te futsallen yn de Greidhoeke. Opjaan is net nedich. Op tiid komme wol!

Feyenoord-klupliet
It mei nei juster dúdlik wêze dat it “nije” Feyenoord like beroerd fuotballet as Ruben van der Meer it “nije” klupliet fan Feyenoord sjongt (klik hjir).

Biertender
Neidat de mannen fan “SDS 3” sneon it fuotbaltoernoai wûnen, hawwe sy earst in pilske by Titus kocht, doe by Ap reskiet om dêrnei noch efkes ien thús te taapjen. Dit hie net moatten(klik hjir).

Spyt
Wij hoopje net dat dit in trend wurdt yn fuotballân.

Klupleafde
Wy hoopje al dat dit in trend wurdt yn fuotballân. As der mear fuotballers wienen mei safolle klupleafde dan hoechden wy net benaud te wêzen foar in transferperioade.

Klaas Dijkstra bliuwt
Op Klaas Dijkstra syn jierdei lêze wy op Voetbalnoord dat hy noch in jier by Broekster Boys bliuwt. As SDS dus net promofeard dit seizoen dan komme wy de âld-SDS-trainer folgend seizoen heechstwierskynlik wer tsjin.

Nij jier
Op it momint dat wij dit wepperkes pleatse, rint it tsjin twa oere. En dat is it momint dat Dirk Yde Sjaarda it nije jier yngiet. Om 14.00 oere stiet hij yn Sydney nei it grutte fjoerwurkspul te sjen mei in miljoen oaren.

Net mei
De hoop fan Easterein yn de liftwedstryd, Eelke en Wytze Veenstra hawwe oanjûn dat sij helaas troch famylje omstannichheden net mei kinne op 1 jannewaris nei Tsjechie. Der bliuwe no noch 8 koppels oer dy’t moarn om 13.00 bij Jimbar starte.

Listje
Sa oan it ein fan it jier komme der meastentiids allerhande listjes. Dit fûnen wy wol in aardige(klik hjir).

Fan Gerard!
Beste minsken,
By disse de alderbeste winsken foar 2008. Tink om de fingers. Maar…tink foaral om de drank,net te folle dus.
Fannacht om 01.00 spectaculaire fjoerwurksjow by Ap en Yvon. Komt tot zien,bla bla bla.
Gr Gerard