Wepperkes -snein-

Útslagen 10 novimber
9 november 2007
Wepperkes -moandei-
11 november 2007

Foto’s
Henk Bootsma hat juster fêst wer in soad foto’s makke. Jim koenen al ien sjen op ús begjinside en hjoed of moarn sil de rest te finen wêze op syn webside(klik hjir)

Ferslach
Op Voetbalnoord is in wiidweidich ferslach te lêzen oer de wedstryd fan juster tusken SDS 1 – ’t Fean ’58 1(klik hjir).

SDS 5 ferliest nochal dik.
De webmasters fregen harren ôf wat fan smoezen der binne om mei 6-1 te ferliezen fan Zeerobben 6. Hjir binne se dan:
– Ype Tiemersma hie freed mei Matty oan it fervjen west  en wie kleurenblyn wurden
– Tjeerd Dijkstra hie Matty mei Ype fervje litten en dat siet him dwers.
– Eddy de Boer hie fûgelwachtgearkomst. Dat wurdt meastentiids net let mar komt er wol op oan.
– Lieder Durk Okkema wie freedtejûn op jierdei west bij in sus en in goeie kunde.
– Stoffel Bouma, ko lieder,  hie te jaaien west en hie dêr al  mei skerp sjitten
– Harm Auke Dijkstra hie gjin nacht tsjinst hân en wie te útrêsten
– Jaap Boekholt wie foarôf te folle dwaande mei it feit dat hij de minst passearde doelman yn de klasse wie.
– Ype Burggraaff wie op begraffenis west en kaam op it lêste momint oan
– Jelle de Boer miste wedstrydritme nei in hjerststop fan 6 wiken
– Der wie in grinsrjochter dy’t as opdracht hie: flagje as’t in SDS spiler sjochst.
– Der wie in skeids dy’t blyn faarde op de grinsrjochter fan Zeerobben.

Doelpuntenmakker SDS 4
Alle kearen at wij der net bij binne wurde der wrâlddoelpunten makke. Ek no wie dat sa. Erwin de Boer makke bij SDS 4 in doelpunt dat de hiele wrâld oergean soe at er in kamera west hie. No bliuwt it hingjen yn de tinzen fan syn meispilers.
(Soe de frije traap iets wei hân hawwe fan ien fan dizzen?(klik hjir).

Klopt net
Yn de Treffer stie in ferhaal oer de avontoeren fan Eddy de Boer, Hendrik Okkema en Sieb Boonstra. Neffens Eddy klopt it ferhaal net hielenfal. Wij wachtsje op it krekte ferhaal.

Horloazje kwut
De iene rekket in trainingsjaske kwyt, de oare in horloazje. Mocht er immen nei tongersdeitejûn in horloazje fûn hawwe om of bij it trainingsfjild of de klaaiboksen, dan kin dy him melde bij de redaksje. Wij soargje der foar dat er wer bij de rjochtmittige eigner komt.

Oefenje
As wy it goed heard hawwe dan sil SDS 1 tiisdeitejûn oefenje tsjin VV Sneek yn Snits.

Jaske kwyt
Hallo ik ben mijn SDStrainingsjasje kwijt.
Maat 176.

Ik weet niet precies waar ik hem ben verloren.
Mijn naam stond er niet in. 
Groeten,
Emiel Petra (D2)
De Streek 20
Easterein. 

Spanning(1)
Sjoch net raar op as jimme Geert Hiemstra, Durk Okkema, Dirk-Yde Sjaarda of Klaas Okkema hjoed yn it bosk oantreffe of sels yn Nij-Seelân. As sy mar net yn spanning hoefe te sitten oer de útslach fan Feyenoord – Ajax(klik
hjir).

Spanning(2)
Foar de oare Feyenoorders dy ’t fannemiddei de spanning net oan kinne, hjir in leuk spultsje om te ontspannen(klik hjir).

Om te witten
Foardat je fannemiddei nei de Jimbar fytse om Feyenoord – Ajax te sjen moat je earst efkes dizze 10 opmerklike feiten lêze oer dizze kraker(klik hjir).