Seleksjes 10 novimber
9 november 2007Wepperkes -snein-
10 november 2007Understeand it lytse programma en de ôflastingen fan sneon. (stân fan saken 12.30 oere). Hawwe jim in koart ferslach, bijsûnderheden en doelpuntenmakkers dan stelle wy it tige op priis dat jim ús maile. Wurdt der wat ôflast, jou it troch!
Mail it nei dizze adressen.
Mocht it hjoed al min waar wêze skroom dan net om efkes by de wedstriden te sjen. De nije kantine hat in moai ôfdakje wêr ’t je noflik út de wyn en de rein stean kinne. Yn de kantine is it noflik waarm en kinne je it fuotbaljen ek moai sjen.
Sa’t jim oan de ôflastingen sjen kinne is it de bedoeling dat SDS 1 en SDS 4 thús wol trochgeane. Om 12.00 is noch in kear sjoen en fêststeld dat it trocg giet. Dus allegear op nei SDS 1 of 4 en dan hoege jim net (mei of sûnder de frou) nei de stêd.
SDS 2 soe miskien traine, mar ek dat giet net troch.
Harm Auke (SDS 5) hat efkes nei Harns belle: it giet troch!!!
útslach | ||
14:30 | SDS 1 – Fean’58 1 | 1-1 |
12:00 | SDS 2 – CVVO 2 | ôflast |
14:30 | SDS 4 – QVC 4 | 2-1 |
10:15 | SDS C1 – IJVC C1 | ôflast |
11:30 | SDS C2 – Annaparochie St. C3 | ôflast |
12:00 | Berlikum SC 2 – SDS 3 | ôflast |
14:30 | Zeerobben 6 – SDS 5 | 6-1 |
14:30 | CVVO A1 – SDS A1 | ôflast |
12:30 | Makkum B1 – SDS B1 | ôflast |
12:00 | SneekWitZwart D3 – SDS D1 | ôflast |
12:45 | ONS Sneek DA3 – SDS DAJ | ôflast |
By de wedstriden:
SDS 1 – ’t Fean ’58 1-1
SDS 1 pakt yn de slotfase troch in penalty dochs noch in puntsje. Hendrik de Jong makke de 1-1 neidat ’t Fean yn de 80e minút op foarsprong kaam wie. Net ien hie tocht dat SDS noch werom komme soe. Beide ploegen spilen net sterk en de ploech dy ’t de earste goal meitsje soe dy like te winnen. Lokkich foar SDS gie dit krekt efkes oars.
Folgende wike komt der wer in ferslach fan Sikma oer de wedstryd fan SDS 1.
SDS 4 – QVC 4 2-1
SDS 4 pakte yn de slotfase de oerwinning. De earste goal waard makke út in geweldige frije traap fan Erwin de Boer fanôf sa ’n 20 meter en it wie fansels Gearard Posthumus dy ’t de winnende goal krekt foar tiid makke.
Opfallend wie it debút fan Feite de Haan(?!) as keeper by it 4e.
Zeerobben 6 – SDS 5 6-1
SDS 5 gie hjoed swier ûnderút. Wy binne benijd nei de ekskuses.