Wepperkes -snein-

Utslaggen 3-11-2007
2 november 2007
Wepperkes -moandei-
4 november 2007

Fuotten

Henk Bootsma wie sneon ek yn Balk. Hij makke foto’s dy’t letter hjoed te sjen binne. Fraach is wol fan wa’t dizze fuotten binne.

Sakje
Gerrit Terpstra is altyd nau belutsen bij de koaching fan F3. Komt fansels ek omdat dochster Jeska dêr yn fuotballet. SDS F3 wie faak yn de oanfal mar bij ien fan tsjinoanfallen fan RoodGeel rôp hij: “Sakje Kees, sakje Hans” . In echte fakterm dy’t sa it like, de F3 spilers begrepen, want se gyngen yn de efterfolging.

Futsal
SDS 1 mei moarn alwer futsalle. Sy moatte moarn út tsjin Old Forward yn Vledder. Dat sy it dreech krije is wis. SDS 1 hat moarn mar 5 man tot syn beskikking…….

Hilarysk
By Balk 2 – SDS 2 krige SDS 2 juster in hilaryske eigen goal om de earen. Hy gie ûngefear sa(klik hjir).

F2 wint yn Tsjom

De mantsjes fan F2 hiene krekt as de mannen fan SDS 5 in derby tsjin Tsjom. En at je dan winne yn Tsjom dan geane je hiel orisjineel nei it skoareboerd.

Tsjin oer elkoar

Tjeerd Dijkstra waard yn de wedstryd tige komplimenteus oansprutsen troch sweager Ype Tiemersma. Nei ôfrin woene se it noch efkes útfjochtsje…

Freonen foar it libben

Mar gelokkich koene se it twa tellen letter wer hiel goed meielkoar fine..

Foto’s fan sneon
Wij makken sneon noch wat foto’s fan ferskillende wedstriden en ek Klaas Pompstra levere wat moaie foto’s oan. Jim kinne se
hjir besjen.

Tikkie terugJaap klassemint
In goeie sneon foar it tikkie terugklassemint. Pieter Lieuwe hie tongersdei traind. En wat je traine, wolle je ek yn de wedstryd werom sjen. Tongersdei yn de lêste minút yn eigen doel. Sneon ek sawat yn de lêste minút yn eigen doel. Mei SDS 4 tsjin Mulier.

Doelpunten
Der wiene sneon in pear echte topskoarders bij SDS. Wytse Yntema skoorde bij F3 alle 6 doelpunten en Gearard Posthumus skoorde alle 4 doelpunten bij SDS 4.

9 punten
De mannen fan de famylje Dijkstra kamen sneon mei 9 punten thús. Tjeerd (SDS 5) Bauke (SDS 3) en Jelte Pieter (SDS A1) wûnen allegear.

Fan Herte Lokwinske!
Anne Stenekes is hjoed jierdei! Hy wurdt hjoed 29 jier. Wy winskje him in noflike dei ta. Klik hjir om him ek lok te winskjen!

Berend Botje
Justerjûn fansels grut feest by SC Heerenveen tsjin PSV. Der waard wer ris de hiele wedstryd songen. De grutste hit wie fansels:
1 2 3 4 5 6 7
waar is Ronald Koeman gebleven
hij is niet hier, hij is niet daar
hij is naar Valencia
(op de wize fan “Berend Botje”). 

Letter hjoed mear