Wepperkes -snein-

Utslaggen 27-10
26 oktober 2007
Jûn ledegearkomst!
29 oktober 2007

SDS1 – WPB 1

Henk Bootsma lei in tige ferfelend momint foar SDS fêst op de foto. WPB skoart de 0-2. Oare foto’s fan dizze wedstryd kinne jim
hjir sjen.

De tiid hâldt wolris skoft
It wurdt heech tiid dat it prachtige skoreboerd op de Skoalleseize in ûnderhâldsbeurt kriget. Tidens de wedstryd SDS 2 – Nijland 2 bleaun nei 40 minuten yn de twadde helte de tiid stil stean op it skoreboerd. Lokkich genôch wist de skiedsrjochter fan dizze kuren en fluite hy ôf doe ’t it skoreboerd noch mar op 41 minuten stie. 

Ledengearkomst
Moandeitejûn is de ledengearkomst fan SDS. It begjint om 20.00 oere en it bestjoer stelt it tige op priis dat der fan de seniorenalvetallen 2 fertsjintwurdigers binne.

“Maradona”
hspace=0
Mei wat fantasij sjogge wij hjir Maradona mei in slalom troch in ferdigening hinne gean. Henk Bootsma knipte de foto tidens it Meinte Sixma toernooi.

BCV ferliest
At SDS 1 de lêste wiken wat better presteard hie, hiene se no boppe-oan stien. Want BCV (ferlern fan Zeerobben) is dus wol te ferslaan. Wij witte hoe’t it komt dat se no ynienen wol ferlieze. It folgende berjocht út Burgum oan Henk Bootsma seit genôch:
Heer Bootsma, 
Complimenten foar de prachtige foto’s. Elts jier wer in genot om nei te sjen. Wat dat oangjit kinne we mar better by jimme yn de klasse bliuwe.
Prachtich 
Groetnis,
Henk Blom (BCV)

Ferslach
Sûnt koarten hat ek vv Nijland in eigen webside. It wie op dizze webside wer ’t wy ek it ferslach tsjin kamen fan de wedstryd tusken Nijland 2 en SDS 2. Út it ferslach wurdt dúdlik dat sy de Skoalleseize aardich stipe hawwe(klik hjir).

Slechtste doelpunten
Dooitze Nauta seach sneon bij SDS 1 gjin doelpunten fan de thúsploech. Doe’t hij thúskaam socht hij noch efkes in
leuk filmke op.

IPod
Andrew Feyten is ôfrûne tongersdei syn IPod kwytrekke. Wa hat him sjoen? Mail nei info@vv-sds.nl.
 
Warming-up
Legendarysk binne de warming-ups fan Eddy de Boer. Hij hanteart dêr bij in oantal prinsipes dy’t wêrbij it wurd beweging net foarkomt. Sneon tsjin Makkum pregearre hij wer in nije metode:
Ik wol by dizze efkes bekind meitsje dat Eddy in ideale noflike warming-up fûn hat.
Nl. de stoelferwarming fan myn auto. Hy wie daliks op wedstriidtemperatuur.
Groetnis Jacob

Utslaggen
Wij hawwe hast
alle utslaggen binnen fan sneon. Fan SDS 4 miste wij noch wol de útslach en de doelpuntenmakkers. Logysk dat it wat letter wie, want fuotbalje om 16.15 oere is ek ûngebrûklik.  Mar gelokkich krigen wij sneintemoarn de ferheugende meidieling dat der dochs ien senioren alvetal wûn hat : SDS 4 !!! De oare útslach dy’t noch mist krije wij ek noch graach troch.

In bal
In bal bliuwt dochs it moaiste buortersguod wat der is(klik hjir). 

Nijs? Mail it nei dizze adressen.