Utslaggen sneon 29-9
28 september 2007Wepperkes -moandei-
1 oktober 2007Net ferjitte!
Beste SDS’ers,
Graach wol ik jim hjirby allegearre fan herte útnoegje om kommende fannemiddei op it fytske (of mei in oar ferfiersmiddel) rjochting Sjaardaleane 17 te kommen yn Easterein foar de earste edysje fan Tentfeest Sjaarda! Mei in tent, musyk(Tjeerd Abma!!), (fris)drank binne alle ingrediënten oanwêzich om der in gesellich feest fan te meitsjen, dit alles foar in fêst bedrag fan mar € 20,-Sadwaande kin ik dan ek moai ofskied fan jim nimme foardat ik folgende wike tongersdei yn it fleantúch stap rjochting Down Under. Jimme binne fan herte wolkom fanôf 17.00 oere!
Oant asen!!
Groetnis DYS
Tjeerd Abma treedt fanôf in oer as 5 op oan de Sjaardaleane.
Da Costa sels gjin skuld?
Bij PSV makken se dizze wike in flaterke. Dat hiene se al earder dien wêr’t van Nistelrooy yn de haadrol stie. Sjoch nei dit filmke hoe’t van Raay en Gerets dêr doe mei omgiene.
Harm Auke
Harm Auke pakte it sneon geweldich taktysk oan. Ynstee fan in PSV sjurt die hij dizze kear in Cambuur sjurt oan. En dêr meie je op dit stuit wol mei sjoen wurde. Oant sneintemiddei 16.15 oere tinke wij.
Stoffel
Wij witte allegear dat Stoffel as bussjoffeur de hiele profinsje trochtuft mei syn Frysker. Dat hij wol hiele goeie kontakten hat bij it Fonteinbos die sneontemiddei bliken. Yn de kantine fan NOK stie ek syn namme op it boerd fan klup fan 100 leden. Foar syn ploechgenoaten in ferrassing en seker foar Bertus dy’t tocht dat syn Jantina der foar him wie.
Wat seit in namme?
Der binne guon dy beweare dat in namme hiel bepalend is foar je karriere. Wij leauwe dêr nei yn, mar diene dochs in test.
Seehûn
Yn Brazilië is dit it gesprek fan de dei. Hjir komt de seehûnedribbel. In soad minsken yn Brazilië fine dat dit net kin om ’t je sa je tsjinstanner foar skut sette(klik hjir).