Utslaggen sneon 29-9

Seleksje sneon 29-9
28 september 2007
Wepperkes -snein-
29 september 2007

Understeand de útslagen fan sneon. Wij hawwe helaas noch net alles binnen of is der noch mear ôflast? Hawwe jim in koart ferslach, bijsûnderheden en doelpuntenmakkers dan stelle wy it tige op priis dat jim ús maile.
Mail it nei
dizze adressen.

     
12:15 SDS 3 – Harkemase Boys 3  3-2
14:30 SDS 4 – TOP’63 3  ôflast
14:30 SDS A1 – Jubbega A1  ôflast
10:15 SDS B1 – Annaparochie St. B1  1-5
9:00 SDS D2 – Leeuwarden D3  11-0
12:15 SDS DAJ – DVBolsward DA3  2-6
9:00 SDS E2 – Annaparochie St. E1  0-13
9:00 SDS E3 – Arum E1  1-4
10:00 SDS F1 – GAVC F2  9-1
10:00 SDS F3 – Leeuwarder Zwaluwen F4  0-5
   
14:30 Oeverzwaluwen 1 – SDS 1  ôflast
12:30 Genemuiden SC 4  – SDS 2  2-0
14:00 NOK 4 – SDS 5  1-3
9:00 Blauw Wit ’34 C6 – SDS C2  4-6
12:00 SneekWitZwart D3 – SDS D1  ôflast
10:00 Mulier E1 – SDS E1  3-7
10:00 Tzummarum E2 – SDS E4  4-2
9:00 Warga F2 – SDS F2  4-1

Oeverzwaluwen 1 – SDS 1   
Om 11.20 oere hawwe wij de melding troch krigen dat Oeverzwaluwen 1 – SDS 1 net troch giet, fanwege it wiete fjild.

Genemuiden 4 – SDS 2 2-0
SDS hat ferlern fan in tige irritante tsjinstanner. Boppedat spilen se mei 12 man. Dy 12de hie wol oare klean oan……
SDS 2 krige in ûnterjochte penalty tsjin en in goal fan SDS waard ûnterjochte ôfkeurd.

SDS 3 – Harkemase Boys 3      3-2
Paul de Boer skoarde út in “wereldpass” fan Anco en Jentsje Jorritsma makke de oare twa doelpunten.
De winnende waard pas yn de lêste minút makke.
SDS 3 hat dizze kompetysje noch net in wedstryd ferlern.

NOK 4 – SDS 5    1-3
It hat net in tel droech west yn Aldemardum. It fjild wie prima. De tsjinstanner sportyf en wij ek fansels. Bij it skoft noch 0-1 ûndanks in licht oerwicht fan SDS. Roel latte wie it grutste wapenfeit. Nei it skoft krige NOK terjochte in strafskop. Harm Auke wie in kear hielendal efteryn en makke de sliding of te wol de oertreding. Nei de 1-0 sette SDS noch mear oan en it wie dyselde Harm Auke Dijkstra dy’t prachtich 1-1 skoarde. Eddy de Boer tekene nei in moaie aksje fan Folkert Rients Vellinga foar de 1-2 en it wie Ids Boersma dy’t nei in subtile pass fan Eddy de Boer de 1-3 oantekene.

SDS B1 – Sint Anne B1
SDS B1 hat it dreech yn de kompetysje.
De jonges binne posityf, we dogge der alles oan, mar we meitsje mar lytse stapkes.
Dan komt der help fan de TC, die ek sjoen hat dat der wat barre moat:
–   Moandei biedt TC help foar B1 yn de persoan fan Robert Hoekstra;
–   Woansdei goed traint met Gert Jan;
–   Freed sitte Gerrit, Robert en Klaas om de tafel en besprekke alle technyske saken. Gerrit hast syn beurs kwyt oan in bûshifkjende hûn;
–    Sneontemoarn 9.30: de jonges sitte yn de moaie nije trainingspakken en lústerje nei de útlis fan Robert;
–    9.56: koartere warming up en nei 15 minúten wer nei de boks;
–    10.20: It fjild op en besykje de taken goed út te fieren en stân te hâlden tsjin de koprinner;
–    11:00: de rest yn mei 1-1 en der is al in goeie stemming. Gerrit oan de boksen lutsen en wer op de grûn setten;
–    11.15: de hannen op inoar en it fjild op foar noch san moaie helte!;
–    11.45: we steane op 1-2 en ha twa kânsen hân op 2-2;
–    11.55: we sieten der troch de lêste 10 minúten en it wurd 1-5;
–    12.00: kompliminten útdielt oan de ploech foar it goede spul;
–     We hjoed ferlern mar ek in hiel soad winst helle!
No kinne de (oare) âlders ek wol komme te sjen.
Robert, tige tank!
Groetnis,
Klaas Pompstra

Blauw Wit C6 – SDS C2      4-6
Een mooie sportieve wedstrijd ondanks de regen met vele kansen van SDS, een wereld goal van Christian van een meter of 32 in een keer in de goal!! Super zie vanavond de beelden voor de tv. De goals zijn gemaakt door Christian 2x  Jurjen 2x Dirk 2x.
Groeten, Thom.

SDS F1 – GAVC F2    9-1
we moesten tegen grou voetballen. En idsert maakt het eerste doelpunt, Het was een mooi doelpunt. En daarna ging het heel snel. Er werd hierna nog acht keer gescoort,en de doelpuntmakers waren mattijs 3, yward 4,en inne 1.
het is geschreven door niels hazewindus.