Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
15 december 2007
Wepperkes -tiisdei-
18 december 2007

Ynhelje
It is de kommende wiken winterstop. Neffens it programma wa’t wij krigen hawwe fan André Vink, de wedstriidsikretaris fan SDS, stiet der foar 19 jannewaris 2008 al wer wat op it programma:
SDS 4 – Top 63  3  (14.30 oere)
SDS 5 – WPB 4    (14.30 oere)
Harlingen DAJ – SDS DAJ  (13.00 oere)

Sealtraine dizze wike
 

DAG TEAM DATUM TIJD TRAINERS  
Maandag F1 17-dec 17.00 Bauke Dijkstra 331600
Donderdag B1 20-dec 17.00 Klaas Pompstra 331789
Vrijdag C2 21-dec 17.00 Anne Hallema 332928

Winterwille

Us iene redaksjelid Gearard wie freed fansels op it “feessie” fan ús oare redaksjelid Silvia. Hij mocht noch krekt net bij de krystman op de skurte sitte mar wie wol tefreden. Folle mear foto’s fan dit moaie winterwille barren kinne jim
hjir sjen.

KNVB-krysttoernoaien
Kommende sneon mei SDS A1 los yn it KNVB-krysttoernoai. Sy spylje yn Boalsert de foarronde foar it eintoernoai yn Frentsjer. Letter fan ‘e wike kinne jim hjir it hiele programma besjen. Ek de programma’s fan B1, C1 en D1 kinne jim dan besjen.

Derksen (3)
Je soene fan Derksen ferûnderstelle kinne dat er it leger net yn woe. It liket ús echt in tsjinstwegerer ta. Neat is minder wier. Hij boekte sels suksessen as militair. En net iens iens as ferdigener …….
 
(bron digitaal archyf LC)

In hert ûnder de riem
It like sneon hiel kâld. Der wiene genôch dy’t leaver net bûten kamen, lit stean om te fuotbaljen. Ype T. seach dêr hiel oars tsjin oan. Hij sette syn auto foar de boks bij de yngong fan it fjild mei de allessizzende tekst

Nije kwis
Sa’t wij earder al oanjoegen stiet op de webside fan  VI  in nije logokwis. Hy is net maklik. Set ‘em op!(klik
hjir).
Jan-Rinse Blanksma komt mei help fan Google oan ’t in soad antwurden, mar hat sy noch lang net allegear. Wa slagget it wol? Mail se nei ús!

Op bêd!
Willem en Richt hawwe dit wykein yn Grins trochbrocht yn in hotel. Sy fûnen dêr út dat je net per sé fan bêd hoefe om in potsje te fuotbaljen……..(klik hjir).


Hawwe jim nijs, kommintaar, opmerkings, oanmerkings, iets wat jim fan it hert moat, tips wat hjoed te dwaan, rektifikaasjes, iets aardichs, mail it nei
dizze adressen.