Wepperkes -snein-

Útslagen 24 maart
24 maart 2007
Wepperkes -moandei-
25 maart 2007

Sietske is 50 wurden!
Ús 2e ponghâldster Sietske Okkema sjocht hjoed Sara! Fan herte lokwinske! Klik hjir om har ek lok te winskjen!


20 út 8
In pear wiken lyn rôp lieder Klaas Okkema fan SDS 5 dat hij easke dat er út de lêste 8 wedstriden 20 punten helle wurde moasten. Dan soe SDS 5 it tredde plakje helje. Wij binne no twa wedstriden fierder en wij moatte tajaan: sokke útspraken stimuleare wol. SDS 5 is yn bloedfoarm en der wurdt omraak skoord. It is no dan ek noch mar 14 út 6.

Út- en ferslagen
Wy hawwe alle útslagen binnen fan juster en ek in soad wedstrydferslagen. Klik hjir om te sjen as der ek in ferslach is fan jo favorite SDS-team.

Trainingsbroek
Piter is zijn blauw-zwarte Rucanor trainingsbroek, maat 140 kwijt. Hij lag niet meer in de box na de wedstrijd van F3 om twaalf uur. meegenomen uit box 5.
Wie hem per ongeluk meegenomen heeft (ws. E4) kan even mailen met tjerkvanderpol@home of bellen met 333234.
Tjerk
 
Foarhinne de kantine

Henk Bootsma seach freed noch efkes yn foarhinne de kantine. It seach der net út.

Aaisykje
Foar net aaisikers is it betiden in drege tiid. Want seker bij SDS 5 sitte in pear fanatike aaisikers. De reis nei Frjentsjer levere dan ek hachlike mominten op. Eddy de Boer hie mear each foar de ljippen dan foar de dyk en ek Stoffel die der gjin goed troch it hieltyd oer hijkes en sijkes te hawwen.
Ype en Aant waarden efteryn stil holden mei in Hertog Jan en in pûde apenúten sûnder dop.
De beide “aaisikers” binne sa as de measte aaisikers de auto net út west.
 
Ferhúzje
Sa’t jim witte giet Ype transferfrij fan Wommels nei Easterein. Hij is drok dwaande it hûs yn te rjochtsjen. De flierbedekking leit al en Stoffel hat him dêrbij holpen. Mar wat barde der mei Stoffel
syn sjek.
 
Tige tank
Hjoed wie it safier; foar it earst yn de tydlike kantine. Ik hie sels bartsjinst dus ik koe der gelyk foar. In bytsje skruten seach ik om my hinne, wat soene se der fan sizze. It is my net tsjinfallen, sterker noch, it wy in grut sukses.Ik haw allinnich mar positieve lûden heard.
It is altyd  lestich om minsken te betankjen want je ferjitte altyd minsken.
Toch wol ik speciaal de mannen fan de moandeitemoarnsploeg en de mannen fan Okkema en Theo de Jong spesjaal tank sizze foar harren ynset dizze wike. Sûnder dizze minsken en natuurlyk al dy oare frijwilligers wie it net slagge.
Sa ik earder oanjoech op e side mei it ferske fan Hennie Huisman sa wie it dizze wike: “Met z’n allen”
Allegeare tige betanke
Feike Jorritsma,
Stichting Skoalleseize
 
Emaile
SDS wurdt in echt emailklup. Want dit berjocht krigen wij fan wedstrydsikretaris André Vink:
 
Op dit moment zijn er nog 5 mensen (Geert D, Harm B, Tinus H, Pier F en Andries S) die nog geen computer hebben. Zij krijgen dus het wedstrijdschema op papier, De rest (76 st.) gaat via de email. Mocht we nog iemand vergeten zijn dan mail je maar naar mij famviea@hetnet.nl
groetjes jullie wedstrijdsecretaris Andre Christiaan.
 
Noch ien plakje
De bus nei Rotterdam is hast fol. Wa’t op 22 april noch mei wol, moat er no bij wêze want der is noch ien stoel frij. Meld jim oan bij Dirk Yde Sjaarda.
 
Alde lullen toernooi
Ien kear yn it jier fuotbalje de âlde lullen út dizze regio meielkoar yn de sporthal. Dat is hjoed. It begjint 13.00 oere en om 16.00 is it al dien.
 
Doelpunten
8 doelpunten kinne wij dizze wike bijskriuwe. Ype en Harm-Auke, de lêste wiken ploechgenoaten, jouwe elkoar neat ta. Sjoch
hjir
 
Tikkieterug Wouter klassemint
Der kaam juster in fersyk fan in oantal ploechgenoaten fan SDS 3, om Wouter Hylkema op te nimmen yn it TikkieterugJaap klassemint. Helaas kinne wij dêr net oan foldwaan. It machtige tikkie werom waard gjin eigen doelpunt. Dus helaas Jappie en Jentsje en Jan.
 
Nijs?
Mail it nei
ús!