Wepperkes -snein-

Útslagen 1 desimber
1 december 2007
Trainers- en oar nijs
2 december 2007

SDS 1 wint fan Zeerobben
Siem Sikma hat wer in kreas ferslach makke fan de wedstryd fan juster(klik hjir).

Jappie opereard
Jappie Wijnia is freed opereard oan syn kapotte meniscus. Hy blykt al in heal jier in stikkene meniscus te hawwen. Fan herte betterskip!

32 jier troud
Henk Bootsma wie der juster net om foto’s te meitsjen by SDS 1 – Zeerobben. Hy is der mei de frou, bêrn en pakesizzers in lang wykein op út om ’t sy 32 jier troud wienen 27 novimber. Noch fan herte lokwinske!

Futsal

De futsallers fan SDS 3 hawwe fan ‘e wike tsjin WZS fuotballe. It gie sa:
1ste helte mei 0-4 ferlern
2de  helte mei 6-0 wun
dus al mei al in goede utslach
Jacob en Pieter makken elk trije
gr. Hendrik

Ekskuus
Stoffel wie der tongersdeitejûn net te trainen. Hjir syn ekskuus:
Spitich dat ik der tongersdeijûn  net wie te trainen,  marrrrrrr ha in machtich moaie jûn hân mei Joe Cocker. It wie geweldich!!! in sifer? 10! Ik soe him hast freegje om keeper te wurden want hy stekt de hannen altyd breed út en neffens my fielt hy gewoan wêr de bal is. Ik bin inkele bekenden tsjin kommen en wa dat wiene moatte harren mar efkes melde hoe HJA de jûn mei makke ha.
Stoffel

Bitterballen
Klaas Pompstra hat wol in goed idee hoe de 500 eurosinten dy ’t SDS 2 wûn hat mei de Grutte-klupaksje te besteden:

It jild fan de oare winners derby lizze en bitterballen keapje op in sneontemiddei? Ik lis myn 5 euro yn die ik ek wûn ha mei de Grote Club Aktie (einsifer 49).
Is dat goed Jan?
Groetnis, Klaas


Eameladres
Foar in stikje yn de Treffer binne wy op syk nei it eameladres fan Rudy Hobbenschot. Wa kin it ús maile?
Webmasters: Wij hawwe fan trije kanten it adres binnen krigen. Super. Yn de Treffer fan jannewaris hoopje wij jim wat fertelle te kinnen oer hoe’t it mei it fuotbaljen giet fan Rudy en soan .

Beste goal?
It is in hiele knappe goal, mar net echt handich(klik hjir).

EK 2008
Fannemiddei wurdt der lotten foar it EK folgend jier yn Zwitserland en Eastenryk. Op dizze webside kinne jim alfêst alles fine oer dit EK(klik hjir).


Hawwe jim nijs, kommintaar, opmerkings, oanmerkings, iets wat jim fan it hert moat, rektifikaasjes, iets aardichs, mail it nei dizze adressen.